
De skriuwster hat wurk bestudearre dat opnommen is yn it Frysk letterkundige tydskrift Iduna (earste helte fan de 19de ieu). De Idunisten waarden oant no ta troch de resepsje as romantisy beskôge. Yn har ûndersyk komt de auteur mei nij ynsjoch en mei nije stof foar wittenskiplike diskusje.
Oan 'e hân fan de teoretyske literatuer wurdt neigien hokker skaaimerken oan de Verlichting, de Romantyk en de Biedermeierstreaming taskreaun wurde kinne. It ûndersyk makket dúdlik dat de yn Iduna publisearre gedichten en it proaza, dêr't benammen it nut, de húslikheid en didaktyske leskes yn sintraal steane, net sûnder mear Romantysk neamd wurde kinne. As lêste rjochtet it ûndersyk him op Joast Halbertsma, dy't neffens Meerburg ek mar amper as in folbloed romantikus sjoen wurde kin. Hy wie dat wol wat syn idealen oanbelanget, mar út syn literêre wurk komt dat net nei foarren.
Gezelle Meerburg, B.A. Innich Frysksinnich. Poëtikale opfettingen yn Fryslân tusken 1840 en 1850. Essays, besprekken en polemiken. Fryske Akademy, Ljouwert 2001. Akademy-nûmer 922.
ISBN: 90 6171 922 4, 122 siden. Priis € 16,00 / foar leden en stipers € 14,60.
Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl
“Taal jout foarm oan hoe't wy tinke, en bepaalt wêr't wy oan tinke kinne.”
Benjamin Lee Whorf (1897-1941)