Intranet
WFT
KNAW
Frysk
Frysk
Frysk

It libben fen Aagje IJsbrants of dy Frieske Boerinne

Utjefte mei ynlieding en oantekeningen fan dizze yn 1779 anonym útjûne Midfryske tekst.

Sintrale figuer is de boerinne Aagtje IJsbrants, dy't ús tekene wurdt as in earsten rabbelskûte en pronkepop. Hja stjert net lang nei de berte fan har lêste bern.

Oan 'e ein nimt har man Tijs it wurd foar in moralistysk einbeslút. It grutste part is lykwols yn dialoochfoarm skreaun.

De libbene beskriuwingen fan it frouljusteedrinken en de kreambesite, mei net te min ferhalen oer tsjoenderij en aparte lju, litte har noch altyd mei nocht lêze.

Brandsma, W.L., J.H. Brouwer en P. Jongstra, It libben fen Aagje IJsbrants of dy Frieske Boerinne. A.J. Osinga, Boalsert 1954. Magnus-rige nûmer 7. Akademy-nûmer 98. 84 siden. Priis: € 2,95.

Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl

Mooie woorden

"bûter, brea en griene tsiis, wa't dat net sizze kin is gjin oprjochte Fries"

boter, roggebrood en groene kaas, wie dat niet zeggen kan is geen oprechte Fries