

Dit boek - dat út twa dielen yn trije bannen bestiet - giet oer stof en ynhâld fan it wurk fan Gysbert Japix (1603-1666), de Bolserter skoalmaster dy’t as Frysk dichter fuort mei syn earste publikaasje yn 1640 al in begryp wie.
It earste diel is in facsimile-útjefte fan ‘e Friesche Rymlerye fan 1668 (dêr’t mar achttjin eksimplaren fan bekend binne), mei de oanfollingen út ‘e werútjefte fan 1681 en it fersprate wurk, dat foar in part yn hânskrift oerlevere is.
Tekst- en rigelnûmering meitsje dat dizze útjefte brûkt wurde kin foar alle wurk dat fuort sjen litte wol hokker farianten oft der fan in wurd binne en op wat plak oft dy steane.
Listen fan set-, print- en skriuwflaters yn de oarspronklike útjeften en hânskriften binne efteryn dit diel en yn it twadde haadstik fan it twadde diel tafoege.
Yn de earste bân fan it twadde diel wurdt de wurdearring fan lêzers, sjongers, neifolgers en gelearde brûkers neigongen, foaral oant 1822. Ek wurde dêr de hânskriften en de útjeften yn beskreaun en besprutsen, mar haadsaak is in ûndersyk nei it ûntstean fan it wurk. Nivo fan ûndersyk is de yndividuele tekst, probleemstelling, syn ferhâlding ta oare literêre teksten en ta de net-literêre werklikheid dêr’t er yn ûntstien is. It part fan dy net-literêre werklikheid dat op it earste each gjin ferbân mei de teksten hat, wurdt yn in apart haadstik beskreaun.
Dêr komme neist famylje en kunde, oplieding en wurk, ek Bolserter polityk, Fryske hofkultuer en Neiere Reformaasje yn oan ‘e oarder. Referinsjeramt fan it literêre ûndersyk is de retoarika. Grûnslach fan ferklearrings is de kombinaasje fan literêr en histoarysk ûndersyk. Dy is yn ‘e Gysbert Japixstúdzje net earder tapast. Der is besocht om alle kennis oer Gysbert Japix en syn wurk dy’t yn ‘e rin fan ‘e tiden fêstlein is, yn it ûndersyk te beheljen. Gegevens út sekundêre literatuer binne oan de boarne hifke.
Yn de twadde bân fan it twadde diel, steane it apparaat fan noaten, bylagen, literatuer en registers, de Gearfetting, it Beslút (fakmanskip en humor binne typearjend foar Gysbert Japix) en in Ikonografy, dêr’t de ôfbyldingen fan de dichter, te begjinnen mei it miskien net mear sa betroubere portret fan Matthijs Harings út 1637, yn beskreaun en besprutsen wurde.
Fan de belangrykste portretten binne foto’s opnommen.
Breuker, Ph.H., It wurk fan Gysbert Japix. I tekst yn facsimile. II oerlevering en ûntstean (diel II yn twa bannen). Fryske Akademy Ljouwert 1989. Akademy-nûmer 710. ISBN: 90 6171 710 8. 467 siden.
Priis € 54,50 / foar leden en stipers € 43,00.
Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl
“I let my dreams roam far and saw the heavens open”
Obe Postma (1868-1963)