Intranet
WFT
KNAW
Frysk
Frysk
Frysk

Konst voedt 's menschen geluk

It Makkumer dichtgenoatskip (1773-1777)

Ta de yntrigearjende dingen yn de Fryske literêre skiednis heart it Makkumer dichtgenoatskip út 'e achttjinde ieu. Yn dit boek is in koarte skiednis fan it 18de-ieuske Makkumer dichtgenoatskip 'Konst voedt 's menschen geluk'  fêstlein.

It docht bliken dat it genoatskip ûntstien is út in freonerûnte, dêr't it moade wurden wie om op elkoars jierdeis by elkoar te kommen en gedichten te meitsjen.

Ut it wurk fan de leden is in blomlêzing gearstald, dêr't de fersen yn besprutsen en taljochte wurdt. Dêrby komme tema's as lok en freonskip oan de oarder en ek fragen fan literêr-histoarysk aard, lykas oer sjenres en oer Ferljochting.

It boek is rynsk yllustrearre mei foar in flink part oan no ta ûnbekende hânskriften, portretten en oare ôfbyldingen. 

Breuker, Ph.H., Konst voedt 's menschen geluk. It Makkumer dichtgenoatskip (1773-1777)
St. Ald Makkum-2000/Fryske Akademy Ljouwert 2000. Akademy-nûmer 872. (Statum-rige 3), 
ISBN 90 7535 507 6. 159 siden. Priis € 11,34
.

Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl

 

 

Mooie woorden

“The whole of science is nothing more than a refinement of everyday thinking.”

“Alle wittenskip is net mear as in ferfining fan it tinken fan al-den-dei.”
Albert Einstein (1879-1955)