Intranet
WFT
KNAW
Frysk
Frysk
Frysk

Language in Friesland

(Summary fan Taal yn Fryslân)

Yn dit űndersyk wurde gegevens presintearre oer de taalsitewaasje yn de provinsje Fryslân. De gegevens binne sammele mei help fan in grutte survey en foarlein oan in represintative stekproef fan de Fryske befolking Fryslân. Sintraal yn it űndersyk stiet de yn sosjolinguistysk űndersyk gebrűklike fraach: Wa praat hokker taal mei wa, węr en węrom. 

Earst wurdt dan yn in taalkaart de geografyske sprieding fan de űnderskate taalgroepen jűn.

Benammen de ferskillen tusken stęd en lân wurde besprutsen. Dęrnei wurdt de taal yn ferbân brocht mei sosjale strata (metten oan oplieding, ynkommen en berop). It docht bliken dat it Frysk (noch hieltiten) de taal is fan de legere strata. Dęrnei komt de taaloerdracht oan de oarder. It oerdragen fan it Frysk op de nije generaasje is benammen ôfhinklik fan de taalheterogeniteit fan it houlik, leeftiid fan de âlden, wengebiet en taalhâlding. De taalbehearsking fan de Fryske befolking kin as neikomt gearfette wurde: 94% kin Frysk ferstean, 73% kin it prate, 65% kin it lęze en 10% kin it skriuwe.Taalhâlding en etnisiteit (yn hoefier fiele minsken har Frysk en op grűn fan hokker skaaimerk) komme dan oan de oarder en fierder wurdt ek de status en it gebrűk (beide faak beskieden) yn űnderskate domeinen (űnder oare wurk, skoalle, media, tsjerke, polityk) beskreaun.

De algemiene konklúzje fan de stúdzje is dat it Frysk yn Fryslân in minderheidstaal is, sjoen syn maatskiplike posysje en status yn ferliking ta it Nederlânsk. Der is in sterk proses fan ferhollânsking te űnderkennen. Der is ek wol hjir en dęr sprake fan ferfryskjen, mar dy tendins leit net folle gewicht yn de skealjes. As beliedsoanbefellings advisearje de auteurs oan beliedsmakkers om har oandacht te rjochtsjen op kaai-domeinen en dan doele hja benammen op űnderwiis en de media.

Gorter, D., e.a., Taal yn Fryslân, Undersyk nei taalgedrach en taalhâlding yn Fryslân. 
Fryske Akademy, Ljouwert 1984. Akademy-nűmer 638. ISBN: 90 6171 638 1. 
Priis € 21,50 / foar leden en stipers € 19,50.

Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl

 

 

Mooie woorden

"Te węzen of net te węzen, dat is de fraach"

William Shakespeare (1564-1616)