Intranet
WFT
KNAW
Frysk
Frysk
Frysk

Language and Language attitudes in a bilingual community

Terherne (Friesland)

It sintrale probleem fan dizze stúdzje is hoe't it mei de taalfariaasje yn it doarp Terherne stiet. It giet dan om de fraach: wa praat hokker taal, mei wa en wannear? Fierder wurdt dan ek neigien oft der in relaasje is tusken taalgebrûk en taalhâlding en yn hoefier’t it Frysk him hanthavenet of dat it belies jaan moat foar it Nederlânsk oer.

Yn de earste haadstikken wurdt ynformaasje oer de sosjolingwistyske sitewaasje yn Fryslân en eftergrûnynformaasje oer it doarp jûn. Dêrnei wurde de data, samle mei help fan twa survey’s en persoanlike observaasje, presentearre.

Op grûn fan de ûndersyksresultaten wurde trije groepen ûnderskaat yn Terherne: de Terhernsters fan (Frysk) komôf, de ymport Terhernsters en de simmer- en wykeingasten. De lêste twa groepen skoare (út soarte) leger op Fryske taalfeardichheid en Frysk taalgebrûk. De skriuwer wiist op in neffens him alarmearjende ûntjouwing: de Fryske taalfeardichheid is by de bern op de beuker- en basisskoalle tusken 1956 en 1976 hurd werom rûn.

Yn it algemien is de taalhâlding foar it Frysk oer posityf. It Frysk, sa konkludearret de skriuwer, is yn libben gebrûk yn de doarpsmienskip en fungearret ek as in wichtige faktor yn it bepalen fan de groepsidentiteit.

Dochs binne de foarútsjoggen net oer alle boegen like geunstich. Yn Terherne, lykas yn de hiele provinsje Fryslân, sil it Nederlânsk tanimme fanwege de dominânsje fan dy taal yn de domeinen fan de ekonomy en de massakommunikaasje. Foar Terherne komt dêr dan noch as aparte faktor de beynfloeding fan it Nederlânsk troch it toerisme en de dei- en seizoensrekreaasje by.

Smith, J.F., Language and Languages attitudes in a bilingual community: Terherne (Friesland). Frysk Ynstitút, Grins / Fryske Akademy, Ljouwert 1980. Akademy-nûmer 585. 299 siden. Priis € 12,00.

Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl

 

 

Mooie woorden

“The whole of science is nothing more than a refinement of everyday thinking.”

“Alle wittenskip is net mear as in ferfining fan it tinken fan al-den-dei.”
Albert Einstein (1879-1955)