Intranet
WFT
KNAW
Frysk
Frysk
Frysk

Lucius Columba Murray Bakker, diel I, II en III

Lucius Columba Murray Bakker, master fan it Fryske wurd (diel I)
Samle wurk fan L.C. Murray Bakker, fersen en ferhalen (diel II)
Boarnemateriaal Murray Bakker, brieven, fersen, farianten, ferhalen en oare stikken (diel III)

Op grûn fan in wiidweidich ûndersyk wurdt yn dit boek in beskriuwing jûn fan it plak en de ferskining fan dr. Murray Bakker (1822-1911) yn de Fryske kultuer fan ’e 19de ieu. Dat wurdt dien út in breed kultuerwittenskiplik perspektyf wei (sawol taal- en letterkundich as kultuerhistoarysk).

It haaddoel fan it ûndersyk wurdt realisearre troch it boarnemateriaal yn dielgebieten mei harren eigen fraachstelling, yn aparte haadstikken oan ’e oarder te stellen. Sa lit de auteur syn ljocht skine op Murray Bakker syn bernejierren, ôfkomst en famylje, stúdzjetiid yn Dokkum en Grins, oplieding, maatskiplik plak en sosjale kontakten, bestean as medikus yn ’e Huzumer mienskip, syn boekerij, literêre produksje, literêre opfettings, belutsenheid by in nije stavering foar it Frysk, aktiviteiten foar it Frysk Wurdboek, syn persoanlike ferhâlding ta de Fryske kultuer, de wurdearring foar him yn dy kultuer en de betsjutting fan him foar dy kultuer.

Yn ’e stúdzje oer de persoan en it wurk fan Murray Bakker falle benammen twa saken op: syn bysûndere kultuerhistoaryske eftergrûn en syn autentike ferskining.

As taal- en libbenskeunstner hat er in hiel unyk plak yn ’e 19de-ieuske Fryske kultuer.

By it proefskrift hearre noch twa oare boekdielen.

Diel II is de útjefte fan dr. L.C. Murray Bakker syn literêr wurk. Oant no ta hat dat noch nea yn syn gehiel beskikber west. Mei de boppetitel ho de fryske tael altiten swietlûdich hast fen sels wirdt lit Faber sjen dat it Frysk foar Murray Bakker in krêftige poëtyske taal wie.

Yn diel III jout Faber de folsleine teksten fan syn boarnemateriaal: brieven, fersen, farianten, ferhalen en oare stikken. Yn it proefskrift sels binne dêr allinnich fragmintarysk stikjes fan werom te finen of der wurdt allinnich nei ferwiisd. De boppetitel jout de hâlding fan Murray Bakker ta syn Fryske wurk oan: Ik wrot foar myn Fryslân by jûntiid en moarn.

De trije boeken binne ûnmisber foar al dyjingen dy’t niget hawwe oan de ûntjouwingen fan de Fryske taalkultuer yn ’e 19de ieu. It docht bliken dat der noch altiten nijsgjirrige ûnbekende wrâlden út dy tiid ûntdutsen wurde kinne.

Faber, R.A., Lucius Columba Murray Bakker, master fan it Fryske wurd (diel I), Samle wurk fan L.C. Murray Bakker, fersen en ferhalen (diel II), Boarnemateriaal Murray Bakker, brieven, fersen, farianten, ferhalen en oare stikken (diel III). 
Fryske Akademy Ljouwert 2003. Akademy-nûmer 956. ISBN 90 6171 956 9. Diel I: 508 siden, diel II: 137 siden en diel III: 278 siden. 
Priis € 50,00 / foar leden en stipers € 47,50.

Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl

 

 

Mooie woorden

“Nowhere is it ordained that history moves in a straight line.”

“Nearne is fêstlein dat skiednis yn 'e rjochte line bewege moat.”
Barack Obama (1961-)