
Mei ynlieding en oantekeningen fan W.L. Brandsma
Utjefte mei ynlieding en oantekeningen fan trije anonime Midfryske almanakstikken út de lette santiger jierren fan de 18de ieu.
De sintrale figuer is Mayke Jakkelis, in boerinne út Hallum. It earste stik ferhellet fan har reis nei Ljouwert om it ynheljen fan de prins fan Oranje mei wiif en bern (op 28 augustus 1777) mei te meitsjen. Tagelyk moat lânhearre in part fan de lânshier brocht wurde.
Yn it twadde part wurdt beskreaun, hoe't it Mayke de deis dêrnei fergiet, neidat se tige let thúskommen is. Binne dy twa yn dialoochfoarm skreaun, it tredde is Mayke har prognostikaasje foar it jier 1779. Fan elke moanne wurdt saaklike ynformaasje jûn oer de stannen fan de moanne, beselskippe fan (sabeare) goerie en oare gekjeierij.
Troch de libbene styl fan skriuwen litte dizze teksten har noch altyd mei nocht lêze.
Brandsma, W.L., J.H. Brouwer en P. Jongsma, Mayke Jakkelis. Mei ynlieding en oantekeningen fan W.L. Brandsma. Magnus-rige 5. A.J. Osinga, Boalsert 1951. Akademy-nûmer A 109. 63 siden. Priis € 3,00.
Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl
“De spannendste opmerking yn 'e wittenskip, by de measte ûntdekkingen, is net 'Eureka!', mar 'Dat is apart ...'. “ Isaac Asimov (1920-1992)