
[Diel II is útferkocht]
H.G. Ehrentraut bestudearre yn de earste helte fan de 19e ieu it Eastfryske Wangereagersk. Mar hy wist fan noch in oare rest fan it Frysk yn East-Fryslân, it Sealterfrysk yn it Saterland. Om ek fan dy taal in goede beskriuwing te krijen, trune er syn neef, J.F. Minssen oan om dêr in hoartsje hinne en de taal te beskriuwen.
Minssen naam de wurkwize en stavering fan syn omke fierhinne oer. It earste stik fan Minssen syn beskriuwing, in ynlieding en in beskriuwing fan de tiidwurden yn it Sealtersk, waarden publisearre yn Ehrentraut syn tydskrift Friesisches Archiv.
Mar it tydskrift hold op en Minssens materiaal bleau lizzen oant op it lêst net ien mear wist wêr’t it krekt bedarre wie.
Nei de oarloch dûkte it materiaal wer op yn Ljouwert en Aarhus. P. Kramer, dy’t sels ek wiidweidich stúdzje makket fan it Sealtersk, hat de hânskriften úttypt en fan dy typoskriften binne twa útjeften makke yn 1965 en 1970. Sa ha wy Minssen syn beskriuwing fan it Sealtersk wer yn syn hiele hear en fear ta ús foldwaan.
It twadde diel befettet benammen wurdlisten en it tredde diel teltsjes, mearkes en sprekwurden.
De ier 19de-ieuske beskriuwings fan Minssen en Ehrentraut fan it Sealtersk en Wangereagersk binne ûnderinoar goed ferlykber en foarmje de âldste betroubere beskriuwings fan moderne Easterlauwerskfryske dialekten.
Kramer, P., Mittheilungen aus dem Saterlande 2 Beend fersuurged fon P. Kramer ätter de Aarhuser Hondschrift.
Fryske Akademy, Ljouwert 1965. Akademy-nûmer 270. Priis € 3,00 / foar leden en stipers € 2,50.
Diel II is útferkocht.
Kramer, P., Mittheilungen aus dem Saterlande 3 Beend fersuurged fon P. Kramer ätter de Aarhuser Hondschrift.
Fryske Akademy, Ljouwert 1965. Akademy-nûmer 372. Priis € 3,00 / foar leden en stipers € 2,50.
Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl
William Shakespeare (1564-1616)