


Oer it Wangereager-Frysk, in om 1950 hinne útstoarne fariant fan it East-Frysk, is fral yn de 19de ieu wichtich materiaal sammele. Benammen de jeverlander dr. H.G. Ehrentraut (1798-1866) hat him dêrby tige fertsjinstlik makke.
Net sa lang lyn fûn Pyt Kramer, tige thús yn it Sealtersk, noch hiel wat nij Wangereager materiaal yn 'e neilittenskip fan Ehrentraut. Drs. A.P. Versloot hat doe yn opdracht fan de Fryske Akademy in útjefte besoarge. Versloot syn útjefte bestiet út trije grutte parten: it Wangereager materiaal fan Ehrentraut, in wiidweidige ynlieding en in yndeks.
Yn dy Ynlieding (yn it Frysk en it Dútsk) wurde de taalkundige skaaimerken en de skiednis fan de taal fan it eilân Wangereach besprutsen.
De ûndersikers fan it Wangereagersk en de útkomsten fan harren wurk wurde beskreaun mei útsoarte in soad omtinken foar Ehrentraut. Dy hat it meast oer it dialekt optekene en hat der yn it tydskrift Friesisches Archiv (yn 1847/1849 en 1854) wiidweidich oer publisearre. Dy twa publikaasjes binne net yn dizze nije publikaasje opnommen: it giet hjir om it útjaan fan it nij fûne materiaal.
Dan folget it twadde diel: it Wangereager taalmateriaal (in wurdboek, sprekwurden en siswizen, mearkes en sêgen, ferhalen, beskriuwings fan de útspraak ensafuorthinne).
It tredde diel befettet in yndeks mei alle Wangereager wurdfoarmen dy't yn 'e tekst foarkomme.
It boek is yn 'e mande mei de Ostfriesische Landschaft en de Oldenburgische Landschaft útjûn.
Ehrentraut, H.G. Mittheilungen aus der Sprache der Wangeroger, besoarge fan A.P. Versloot. Fryske Akademy, Ljouwert 1997.
Akademy-nûmer 834. ISBN: 90 6171 834 1. 743 siden, naaid, ynbûn yn hurde bân. Priis € 38,50 / foar leden en stipers € 36,50.
Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl
“De spannendste opmerking yn 'e wittenskip, by de measte ûntdekkingen, is net 'Eureka!', mar 'Dat is apart ...'. “ Isaac Asimov (1920-1992)