

Oant 1 jannewaris 2006 by de FA te keap
Boekhandels kinne dizze publikaasje bestelle byij de Amsterdam University Press,
Prinsengracht 747-751, 1017 JX Amsterdam 0031-20-5307185
De earste dielen fan de Morfologische Atlas van de Nederlandse Dialecten (MAND) en de Syntactische Atlas van de Nederlandse Dialecten (SAND) binne klear.
De atlassen jouwe in oersjoch fan de mooglikheden foar wurdfoarming (MAND) en sinbou (SAND) yn alle autochtoane Germaanske fariëteiten fan Fryslân, Nederlân en België.
Op it aljemint komme űnderwerpen lykas wurdslachte en de foarming fan meartallen en ferlytsingswurden by haadwurden (MAND) en bynwurdbűging en weromwurkjende foarnamwurden (SAND).
MAND. Georges de Schutter, Boudewijn van den Berg, Ton Goeman, Thera de Jong. 96 siden mei kaarten / 75 siden kommentaar. Ynbűn mei met stofomslach. ISBN 90 5356 696 1 (Diel I NL. (ICLaVE). Diel II ferskynt yn 2006.
Priis € 95,- it diel.
It Fryske oanpart fan it wurk is dien troch de Fryske Akademy.
De bannen binne op 23 juny presintearre.
Fan beide atlassen ferskynt yn 2006 in twadde diel.
SAND. Sjef Barbiers, Hans Bennis, Gunther de Vogelaer, Magda Devos, Margreet v/d Ham. 96 siden mei kaarten / 645 siden kommentaar. Ynbűn mei stofomslach. ISBN 90 5356 701 1 (Diel I NL. (ICLaVE). Diel II ferskynde yn 2006. Priis € 95,- it diel.
De MAND en de SAND binne yn in Nederlânsktalige en yn in Ingelsktalige ferzje te keap.
De winkelpriis fan 'e Ingelsktalige edysjes fan MAND en SAND (Diel I en Diel II) is € 120,-.
Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl
“Alle wittenskip is net mear as in ferfining fan it tinken fan al-den-dei.”
Albert Einstein (1879-1955)