Intranet
WFT
KNAW
Frysk
Frysk
Frysk

Naar ploeg en koestal vluchtte uw taal

De verdringing van het Fries als schrijftaal door het Nederlands (tot 1580)

Dr. Oebele Vries hat yn ferskate fermiddens publisearre oer it ferkringen fan it Frysk troch it Nederlānsk yn de lette midsieuwen en iere Nije Tiid. Dy ūnderskate publikaasjes binne bewurke en oanfolle mei nij materiaal en dat hat laat ta dit boek.

Vries begjnt mei it tiidrek fan 1300-1498. Hy jout earst in wiidweidige ynlieding dźr't de politike en maatskiplike kontekst yn oan 'e oarder komme; dźrnei behannelet er de taal fan it rjocht en de wetjouwing, fan de oerheidsadministraasje op ūnderskaat nivo, de skriuwtaal fan de ūnderskate maatskiplike groepen en de skriuwtaal yn ūnderskate tekstsoarten.

Op deselde wize wurde de lettere tiidrekken beskreaun: 1498-1515, it tiidrek fan de Saksers; 1515-1580, it tiidrek fan de Habsburg-Bourgondiėrs. Benammen yn dat lźste tiidrek nimt de ferskriftliking ta.

Sa om 1550 hinne is de skriuwtaalwiksel wol folslein, yn it tiidrek fan 1550-1580 komt it komselden mear foar dat ien it Frysk brūkt. Vries komt yn syn slotskōging ta de konklśzje dat it Frysk as skriuwtaal ferdwūn is doe't de Fryske frijheid ferdwūn.

Vries, O., Naar ploeg en koestal vluchtte uw taal. De verdringing van het Fries als schrijftaal door het Nederlands (tot 1580). 
Fryske Akademy Ljouwert 1993. Fryske Histoaryske Rige nūmer 9. Akademy-nūmer 772. ISBN: 90 6171 772 8. 261 siden. 
Priis € 22,50 / foar leden en stipers € 21,50.

Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl

 

 

Mooie woorden

"As it net sile wol, moat men lavearje"

Als men niet kan zeilen moet men laveren