
Yn it ramt fan 'e Wike fan de Wittenskip & Technyk (11-17 okt. 1992) kaam de gedachte om, njonken allegearre oare ûnderwerpen en aktiviteiten, omtinken te jaan oan 'e talen mei in beheind berik (lykas Frysk en Nederlânsk) en har funksje as wittenskiplike fiertaal.
Prof. W.P. Gerritsen waard útnoege om in lêzing te hâlden oer it Nederlânsk as reau fan wittenskiplik tinken. Wittenskiplik direkteur fan 'e Fryske Akademy L.G. Jansma hold syn lêzing oer it funksjonearjen fan it Frysk as wittenskipstaal en ljochte it belied fan 'e Akademy op dat mêd ta.
De lêzings wiene yn it Nederlânsk, mar binne op oanstean fan de net-frysktalige ynlieder yn dizze publikaasje yn it Frysk opnommen. De titels fan de beide lêzingen binne:
Nederlânsk en Frysk en de fiertalen fan de wittenskip. Fryske Akademy, Ljouwert 1993.
27 siden. Priis € 1,00.
Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl
Als men niet kan zeilen moet men laveren