
De titel fan dit Ingelsktalige proefskrift jout al oan dat it giet om haadwurden dy't ynkorporearre binne, yn it tiidwurd, om krekt te węzen. Dat smyt gearstalde tiidwurden op lykas stekfervje, pankoekite of jerappeldolle.
Lykas dy foarbylden al oanjouwe, giet it dęrby benammen (mar net hielendal) om haadwurden dy't oars yn in saaklik foarwerp by it tiidwurd foarkomme. Mar yn dat gefal is it haadwurd wol de kearn fan in selsstannich illemint yn 'e sinbou. Jo fervje dus in stek, it stek, dat stek, de stekken, dy stekken, of ienfâldichwei stekken. By ynkorporaasje is it ilemint stek syn syntaktyske selsstannichheid kwytrekke, en is it in part fan in wurd wurden.
Haadstik 2 toant dat oan, en jout ek wiidweidige ynformaasje oer foarm, foarkommen, type en betsjutting fan 'e Fryske nomenynkorporaasje.
Haadstik 3 giet yn op in fraach dy't yn ferbân mei it ferskynsel nomenynkorporaasje gauris steld wurdt, te witten węr oft jo de gearstalde tiidwurden yn 'e grammatika foarmje moatte. De konklúzje wurdt lutsen dat nomenynkorporaasje yn it Frysk konvinsjoneel yn 'e wurdfoarmingskomponint, dat wol sizze yn it leksikon, ta stân brocht wurdt.
It hoe en het fan sa'n leksikale analyze komt yn haadstik 4 op it aljemint. Der is in nijsgjirrige parallel mei beskate űnoergonklik brűkte oergonklike tiidwurden, lykas yn in sintsje as buorman fervet. Lykas dęre it tiidwurd syn foarwerp kwytrekke is, sa is dat foarwerp yn in ynkorporaasjesin as buorman stekfervet ek fuort, alteast syntaktysk sjoen. Ien en oar wurdt teoretysk ferantwurde troch oan te nimmen dat it foarwerp as konsept wol oanwęzich is, mar dat it net nei de sinbou projektearre wurdt (mar yn gefal fan ynkorporaasje wol nei it gearstalde wurd).
It foar mannichien grif spannendste haadstik is foar de ein bewarre. It behannelet de frage, węrom oft no krekt it Frysk op in produktive wize ditsoarte fan gearstalde tiidwurden talit. Haadwurdynkorporaasje is benammen bekend út yndiane- of eskimotalen. Oare Germaanske en ek Romaanske talen hawwe it net. De reden dat we al ynkorporaasje yn it Frysk fine, sa wurdt útholden, leit yn 'e oanwęzigens fan twa ynfinityfútgongen yn it Frysk. Benammen dy op -en moat hjir sjoen wurde as oansetter.
Dijk, S., Noun Incorporation in Frisian, Fryske Akademy, Ljouwert 1997. Akademy-nűmer 848. ISBN 90 6171 849x. 232 siden.
Priis € 18,00 / foar leden en stipers € 16,00.
Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl
Als men niet kan zeilen moet men laveren