Intranet
WFT
KNAW
Frysk
Frysk
Frysk

Nyckle J. Haisma. Samle fersen

Nyckle (Nicolaas) Haisma, berne 18 maaie 1907 te Eastrum en ferstoarn 22 febrewaris 1943 yn in Japansk ynternearringskamp te Tjilatjap op Java, is foaral bekend wurden as proazaskriuwer.

Hy hie by syn ûntidige dea al namme makke, foaral mei syn twadielige roman "Paed oer 't hiem" (1937) en "Paed nei eigen hoarnleger" (1940), letter yn ien bân útjûn ûnder de titel "Peke Donia, de koloniael" (ferskate printingen). Boppedat wienen der fan syn hân in pear berneboeken útkommen en in samling Yndyske sketsen "Suderkrús" (1938).

Postúm krige er 1948 de Gysbert Japicxpriis foar syn neilitten novelle "Simmer" (1948). Noch wer letter ferskynde in bondel yn 't kamp skreaune ferhalen "It lân ferline" (1951). Yn Ynje skreau er op fersyk fan in útjouwer in lêsboek foar de muloskoalle "Werk", dat troch D.A. Tamminga as " Wrotters fan de Froskepôlle" (1949) yn it Frysk oerset waard.

Haisma gong as jong ûnderwizer dy't thús net oan 'e slach komme koe nei wat doe Nederlânsk Ynje hiet. Hy ûntjoech him as de skriuwer oer Friezen dy't yn 'e frjemdte ûnwennich binne fan hûs en it nei har weromkommen yn it Heitelân likemin mear fine kinne.

Mar men hoecht gjin emigrant te wêzen om de ûnwennigens te kennen. Ek oer sokke, faak wat swiersettige natueren, dy't har mar net oanpasse kinne hat Haisma in kearmannich skreaun. In wat weake mankelikens sprekt gauris út dat lêste wurk. Hy moat sels tige gefoelich foar sfear west hawwe en yn it oproppen fan de sfear benammen fan gea en folk yn it noardeasten fan Fryslân lei foar in grut part syn krêft.

Sawol troch syn tematyk as troch syn sfeartekening hat Nyckle Haisma in mannichte lêzers oan him ferbûn. Deselde sfeartekening en tematyk fine wy werom yn syn fersen. Hoe't syn proaza en syn dichtwurk yn nau ferbân meiinoar steane, ha wy besocht oan te wizen yn it stik, dat de lêzer oan ' e ein fan dizze bondel fynt. Haisma syn fersen kinne lykwols net helje by syn proaza. Wêr't dat oan leit, hat Poortinga ek besocht oan te toanen.

Poortinga, Dr. Y. Nyckle J. Haisma, Samle fersen. Utjûn mei in neiwurd troch Dr. Poortinga. Holder-rige 6. Teksten út de Fryske skriftekennisse fan de tweintichste ieu. 2de printinge. A.J. Osinga BV, Boalsert 1981. Akademy-nûmer 603. ISBN: 90 6273 012 4. 78 siden. Priis € 2,50.

Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl

Mooie woorden

“Fier haw ik myn dreamen weide en de himel iepen sjoen”

“I let my dreams roam far and saw the heavens open”
Obe Postma (1868-1963)