Intranet
WFT
KNAW
Frysk
Frysk
Frysk

Oardiel en kritiek

Kar út it wurk fan Prof. dr. Godard Gosses (1877-1955)

Dit boek is gearstald by gelegenheid fan de oraasje fan Prof. dr. A. Feitsma dêr't se op 21 april 1986 offisjeel it amt fan bûtengewoan heechlearaar yn de Fryske taal- en letterkunde oan de Universiteit van Amsterdam mei oanfurdige. Dat wie, op twa dagen nei, twaenfyftich jier neidat Prof. dr. G. Gosses, dêr't Feitsma ien fan de lêste learlingen fan wie, mei syn oraasje itselde dien hie.

Gosses wie de earste bysûnder heechlearaar Frysk yn Amsterdam en hat dat oant syn emeritaat yn 1949 west. Yn dit boek binne tolve fan Gosses syn wichtichste artikels opnommen, û.o. syn oraasje fan 23 april 1934, oanfolle mei in bibliografy fan syn skriften út 1956, it jier nei syn dea. It binne allegearre fotomeganyske werprintingen, dat neist de sidenûmering fan dizze bondel as gehiel is de oarspronklike sidenûmering ek noch te sjen.

It boek begjint mei in ferantwurding fan de trije besoargers, dêr't it belang fan de opnommen stikken yn taljochte en in karakteristyk fan Gosses as wittenskipper (taalkundige/filolooch) en bewegingsman yn jûn wurdt.

Breuker, Ph.H., H.D. Meijering en A.M.J. Riemersma (red.), Oardiel en krityk, kar út it wurk fan Prof. dr. Godard Gasses (1877-1955).Minsken en Boeken. Rige bio- en bibliografyske skriften nûmer 22. 
Fryske Akademy, Ljouwert 1986. Akademy-nûmer 656. ISBN: 90 6171 656 X. 
Priis € 13,50 / foar leden en stipers € 11,50.

Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl

 

 

Mooie woorden

“Ús âldfaars taal ferhúnd, ferstaat, ferproppe wie nêsteby yn it reach betiisd, yn it jierfek stoppe”

“Our ancestral language despised, orphaned, neglected had almost been deposed, a relic of ancient history.” Gysbert Japicx (1603-1666)