Intranet
WFT
KNAW
Frysk
Frysk
Frysk

Obe Postma als auteur van het sublieme

Under it sublime moat ferstien wurde 'de thematisering van het als innerlijk dualistisch ervaren bewustzijn dat op zoek is naar de grenzen van het kenbare of oneindige'. As wichtige skriuwers fan it sublime jilde William Wordsworth en Emily Dickinson.

Postma waard hieltyd troch oare auteurs beynfloede. Oan 'e hân dęrfan  kin in soarte fan dichtersportret fan him sketst wurde. It giet dęrby om dichters as Verwey, Gorter, Rilke, Keats, Slauerhoff, Vestdijk en út soarte Wordsworth en Dickinson.

Ut Postma syn tekenskriften komme wy te witten dat syn freon, de lettere heechlearaar filosofy Tjitze de Boer, him der ta set hat om him te ferdjipjen yn 'e skiednis fan de filosofy en de logika.

Benammen de filosoof Immanuel Kant, de grűnlizzer fan it sublime, waard foar Postma fan belang. Postma woe efter de mannichfâldigens fan de werklikheid in bliuwend prinsipe sjen te finen. By Kant fernaam Postma in besykjen ta it bemasterjen fan de gearstalde ferhâlding tusken it minsklike bewustwęzen en it transsendinte.

Breuker, Ph.H., Obe Postma als auteur van het sublieme. Fryske Akademy, Ljouwert 1996. 
Akademy-nűmer 824. ISBN: 90 6171 824 4. 59 siden. Priis € 2,50.

Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl

Mooie woorden

“The most exciting phrase to hear in science, the one that heralds the most discoveries, is not ‘Eureka!’ (I found it!) but ‘That's funny...’”

“De spannendste opmerking yn 'e wittenskip, by de measte űntdekkingen, is net 'Eureka!', mar 'Dat is apart ...'. “ Isaac Asimov (1920-1992)