
Tiidleas moai binne de gedichten fan Obe Postma (1868-1963). Syn Samle fersen hawwe winliken gjin oanbefelling nedich. Postma syn wurk is sa nau ferbűn mei it Fryske gea en syn skiednis en tagelyk sa universeel dat alle reklamegjalpen wat oerstallichs krije.
Yn 1978 ferskynde de l ęste folsleine edysje fan de Samle fersen, besoarge fan Tineke Steenmeijer-Wielenga en ynlaat troch Douwe Tamminga. De nijste edysje fan dit standertwurk is yn de moderne Fryske stavering oerbrocht en troch in oare oarderingssystematyk noch better tagonklik makke. Philippus Breuker fersoarge de ynlieding op wurk, libben en stúdzje fan it wurk fan Obe Postma. Tineke Steenmeijer-Wielenga is op ’e nij de tekstbesoarger.
De foarmjouwing fan binnen- en bűtenwurk is fan Bruno Beukema.
Steenmeijer-Wielenga, T. (e.o.), Obe Postma, Samle fersen , tredde wizige printinge.
Fryske Akademy, Ljouwert 2005. Holderrige nűmer 17. Akademy-nűmer 979 ISBN: 90 330 0534.
648 siden. Priis € 32,50.
Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl
“Taal jout foarm oan hoe't wy tinke, en bepaalt węr't wy oan tinke kinne.”
Benjamin Lee Whorf (1897-1941)