
Op 28 juny 1993 naam prof.dr. A. Feitsma ôfskie as bysûnder heechlearaar Fryske taal- en letterkunde oan 'e Universiteit van Amsterdam mei it útsprekken fan de rede 'Oud en Nieuw in de Frisistiek'.
Hja jout dêryn in oersjoch fan yn hoefier en hoe gau oft nije wittenskiplike ynsjoggen yngong fûn hawwe yn de universitêre Frisistyk, ûnder oaren op de mêden fan fonology, grammatika, sosjolingwistyk, útwindige taalskiednis, diplomatyske Aldfryske tekstútjeften en histoaryske taalkunde. Hja komt ta de konklúzje dat de Frisistyk frij modern bleaun is.
Der waard altiten goed sjoen nei wat der yn de wittenskiplike wrâld geande wie en wat dêrfan foar de bestudearring fan it Frysk fruchtber makke wurde koe. Feitsma wiist ek op de maatskiplike binings fan de universitêre Frisistyk.
De rede fan Feitsma tsjûget fan in grutte kennis fan de matearje.
Feitsma, A., Oud en nieuw in de Frisistiek. Rede in verkorte vorm uitgesproken bij haar afscheid als bijzonder hoogleraar in de Friese taal- en letterkunde vanwege de Fryske Akademy aan de universiteit van Amsterdam op 28 juni 1993. Fryske Akademy Ljouwert 1993. Akademy-nûmer 766.
ISBN: 90 6171 766 3. 30 siden. Priis € 1,00.
Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl
“De spannendste opmerking yn 'e wittenskip, by de measte ûntdekkingen, is net 'Eureka!', mar 'Dat is apart ...'. “ Isaac Asimov (1920-1992)