Intranet
WFT
KNAW
Frysk
Frysk
Frysk

Philologia Frisica 2002

Lêzingen fan it sechtjinde Frysk Filologekongres, 11, 12 en 13 desimber 2002

De bondel Philologia Frisica 2002 befettet, yn artikelfoarm, in kar út likernôch de helte fan 'e lêzingen dy't hâlden binne op it sechtjinde Frysk Filologekongres op 11, 12 en 13 desimber 2002. Mei-inoar jouwe de artikels in goed byld fan it brede ferskaat oan tema's dat op it kongres oan 'e oarder kaam. Yn 'e bondel binne, sa't de ynhâldsopjefte sjen lit, resultaten te finen fan in breed spektrum fan taalkundich, letterkundich en kultuer-histoarysk ûndersyk. Dat rint fan ûndersyk nei de relaasje tusken sprutsen taal en kompjûters en it mei help fan 'e kompjûter opslaan en ferwurkjen fan de sprutsen taal oant (biografysk) ûndersyk oangeande de njoggentjinde-ieuske taal- en letterkundige J.H. Halbertsma en fan it ûndersyk nei ferfalskingen oant dat nei patroanen yn ferlytsingsnammen.

Ynhâld:

Sprutsen Taal

  • Anton Nijholt, Verdwijnende computers, Verdwijnende talen?
  • Nelleke Oostdijk en Daan Broeder, Een databank van het gesproken Nederlands
  • Eric Hoekstra, Taaldatabanken op it mêd fan it Frysk

Biografy

  • Philippus H. Breuker, Joast Halbertsma: skeppe út ferset
  • Anthonia Feitsma, Analogy by Halbertsma: in ferliking mei Hemsterhuis, Humboldt en Grimm
  • Alpita de Jong, Reis troch in ûnfolsleine doetiid - Oer in biografy fan Joast Hiddes Halbertsma

Ferfalskingen

  • Goffe Jensma, '..als God er zooveel eeuwen over gewaakt heeft...' Yntinsje en resepsje fan it Oera Linda-boek
  • Leo Verhart, 'Voor de goede zaak' - Archeologische vervalsingen in Noord-Nederland
  • Oebele Vries, Fryske oarkondeferfalskingen yn breder perspektyf

Aldfrysk

  • Anne Tjerk Popkema, Aspekten fan it Freeska Landriucht - Oer de edysjeferdieling fan Galama
  • Wybren Scheepsma, Aldfryske preken?

Taalkunde

  • Nils Århammar, Oer inkelde ûndersiikstaken op it mêd fan it Westerlauwersk Frysk
  • Jarich Hoekstra, Ta de nedich-konstrukje yn it Frysk
  • Willem Visser, Patroanen yn ferlytsingsnammen

Boersma, P., P. Hemminga, L.G. Jansma en G. Jensma (red.), Philologia Frisica anno 2002, Fryske Akademy, Ljouwert 2003. 
Akademy-nûmer 959. ISBN 90 6171 959 3, 305 siden. Priis € 25,00 / foar leden en stipers € 23,50.

Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl

 

 

 

 

Mooie woorden

“Nowhere is it ordained that history moves in a straight line.”

“Nearne is fêstlein dat skiednis yn 'e rjochte line bewege moat.”
Barack Obama (1961-)