Intranet
WFT
KNAW
Frysk
Frysk
Frysk

Register op De Burmania-sprekwurden

Santjinde-ieuske Fryske sprekwurden ferklearre en yn har tiid besjoen

Yn 2003 ferskynde fan de hān fan Frits van der Kuip it proefskrift De Burmania-sprekwurden. Santjinde-ieuske Fryske sprekwurden ferklearre en yn har tiid besjoen. Om it boek foar de brūker tagonkliker te meitsjen hat de auteur der in register op makke. It register is gjin index verborum, mar in semantysk register.

De opnommen wurden hawwe in dśdlike opsykfunksje. It register hat Nijfryske yngongen, folge troch in ferzje mei Nederlānske en ien mei Ingelske yngongen. By elke yngong wurdt net allinne nei de nūmers fan de oanbelangjende sprekwurden ferwiisd, mar wurde ek de foarmen jūn sa't se yn de Midfryske sprekwurdetekst steane.

Men kin no frij maklik sprekwurden en śtdrukkingen opsykje dy’t bygelyks mei de tsjerke of it boerebedriuw te krijen hawwe. Men kin dan ek sjen dat yn dizze samling fan idioom śt it begjin fan de 17e ieu wol prysters, beginen, mūntsen en abten foarkomme, mar noch gjin dominy’s en ālderlingen, of dat kij, hynders en hūnen elk sa’n tweintich kear foarkomme, wylst de kat minder yn tel is. Foar de kij moat men dan sykje ūnder wurden as bolle, keal, ko, twinterbolle en foar de hynders ūnder fōle, gūl, hynder en merje.

Efteroan steane apart listen mei plak- en eigennammen.

Van der Kuip, F.J. Register op De Burmania-sprekwurden. Santjinde-ieuske Fryske sprekwurden ferklearre en yn har tiid besjoen. Fryske Akademy, Ljouwert 2004. 146 siden. 
Priis € 15,00 / foar leden en stipers € 13,50.

Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl

 

 

Mooie woorden

"būter, brea en griene tsiis, wa't dat net sizze kin is gjin oprjochte Fries"

boter, roggebrood en groene kaas, wie dat niet zeggen kan is geen oprechte Fries