

útferkocht
Trije útjouwers brochten yn 'e mande mei de Stichting It Fryske Boek in rige werprintingen fan Fryske klassiken út. De rige bestiet ynearsten út fjirtjin dielen. Alle dielen kinne los fan elkoar lêzen wurde.
Meinimmend, spotsk en o sa gefoelich: de bruorren Halbertsma skreaunen sa't se sels wienen. En har sammele wurk, de Rimen en Teltsjes (1871) is noch sa libben as in hert.
Dochs is dit folksboek, grôtfol mei ferhalen en gedichten, al mear as in ieu âld. Mei klassikers as Jonker Pyt en Sibbel, It Marke, Deagravers sankje, de Jonkerboer en De reis nei de Jichtmasters. Alle generaasjes ûntdekke dit wurk op 'e nij. Hast like ferneamd as dit boek binne de printen fan Ids Wiersma, dy't yn dizze útjefte opnommen binne. De rom fan de Rimen en Teltsjes giet fierder as de Fryske literatuer. Parten fan it boek binne ferskate kearen oerset yn it Nederlânsk en it Dútsk, ûnder oaren troch Theun de Vries.
Trije bruorren Halbertsma wurken mei oan de Rimen en Teltsjes.
De bekendste is Joast Halbertsma (Grou 1789 - Dimter 1869), mennistedûmny en taal- en letterkundige.
Syn jongere broer dokter Eeltsje (Grou 1797 - 1858) studearre medisinen yn Leien en Heidelberch en kaam dêr yn 'e besnijing fan de Romantyk.
Foar Tsjalling (Grou 1792 - 1852) wie de skriuwerij minder belangryk: hy gyng yn saken en waard as bûterkeapman in begoedige man.
Halbertsma, Bruorren, Rimen en Teltsjes. Fryske Klassiken nûmer 6. 11de printinge.
A.J. Osinga Uitgeverij, Ljouwert 1993. Akademy-nûmer 773. ISBN: 90 6066 489 2.
622 siden. Priis € 27,50 / foar leden en stipers € 26,50.
Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl
boter, roggebrood en groene kaas, wie dat niet zeggen kan is geen oprechte Fries