Intranet
WFT
KNAW
Frysk
Frysk
Frysk

Sjoerd Spanninga. De samle fersen fan Sjoerd Spanninga

Sjoerd Spanninga (pseudomym fan Jan Dykstra) (1906-1985) begūn syn karriźre as dichter fuort nei de twadde wrāldoarloch.

Syn lźste wurk datearret fan 1967. Syn grut poėtysk oeuvre nimt binnen de Fryske literatuer in unyk plak yn troch de rike fantasy fan ’e dichter, syn oarspronklikheid, syn eksoatyske bylden en mystike ynslach. In ferneamd fers fan Spanninga is Indian summer: ‘De jūn, / In readhūd, / Sit foar de wigwam fan de nacht te smoken, / En rikket de prairy en de bosken fol skimer. / Dan nimt er syn rūnstjūnige kano, / De moanne, / En set koerts oer de grutte stjerrestream / Nei de blinkende mar fan de moarn, / Dźr’t de himel syn frede yn spegelt.’

By dizze śtjefte fan de samle fersen skreau Tineke Steenmeijer in ynlieding oer libben en wurk fan dizze foar jongere generaasjes noch altyd ynspirearjende dichter, dy’t by syn libben in allinnesteande en in būtensteander wie.

Steenmeijer-Wielinga, drs. T., Sjoerd Spanninga. De samle fersen fan Sjoerd Spanninga.
Holder-rige 13. Fryske Akademy, Ljouwert 1992. Akademy-nūmer 743. ISBN: 90 6171 743 4. 428 siden. Priis € 17,50 / foar leden en stipers € 16,00.

Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl

Mooie woorden

"As 't net kin sa't it moat, dan moat it mar sa't it kin"

Als het niet kan zoals het moet, dan moet het maar zoals het kan