Intranet
WFT
KNAW
Frysk
Frysk
Frysk

Snååk Frasch

'Snååk Frasch' is in learmetoade foar it Noardfrysk.
De metoade giet út fan it Mooringer Frasch, it grutste dialekt fan de Noardfryske fêstewâl.

Hy bestiet út de neikommende ûnderdielen:

  • in learboek mei 47 lessen, in oersjoch fan de grammatika en in moai protsje lêsteksten;
  • in wiidweidige wurdlist (fan en nei it Noardfrysk);
  • in cd mei de teksten fan de harkteksten út it learboek (útferkocht).

De metoade is geskikt foar selsstúdzje. Hy wurdt ek brûkt by de kursussen Noardfrysk fan de Afûk.

Wolf, H., S. Jessen & I. Laabs, Snååk Frasch. Afûk/Fryske Akademy, Ljouwert 2004. Rige stúdzje- en boarnemateriaal nûmer 22. 154 siden. Priis € 17,50 / foar leden en stipers € 16,00. De CD (€5,00) is útferkocht.

Wolf, H., S. Jessen & I. Laabs, Wurdlist Noardfrysk. Noardfrysk - Westerlauwersk Frysk en Westerlauwers Frysk - Noardfrysk. Afûk/Fryske Akademy, Ljouwert 2004. Rige stúdzje- en boarnemateriaal nûmer 22. 184 siden. Priis € 20,00 / foar leden en stipers € 18,50.

Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl

Mooie woorden

“Equipped with his five senses, man explores the universe around him and calls the adventure Science.”

“Mei syn fiif sintugen ferkent de minske de wrâld om him hinne en neamt dat aventoer Wittenskip.” Edwin Powell Hubble (1889-1953)