
Yn 2001 kaam der in ein oan it 25 jierrich tsjinstferbân fan Breuker by de Fryske Akademy en naam hy ôfskie as bysűnder heechlearaar Fryske taal- en letterkunde fan de Universiteit fan Leien.
Dat wie de oanlieding om him in bondel mei stúdzjes fan kollega’s en (âld)- promovendy út syn Leidske, Amsterdamske en Ljouwerter wurkomjouwing oan te bieden.
De bondel befettet 25 bydragen oer de skiednis fan de iere en lette Midsieuwen, oer de letter- en taalkunde fan de Nije Tiid en de Nijste Tiid en fierder in tal sosjologyske en lokaal-histoaryske bydragen.
Bremmer Jr, Rolf H., L.G. Jansma, P. Visser (redaksje). Speculum Frisicum.
Stúdzjes oanbean oan Philippus H. Breuker, Fryske Akademy Ljouwert 2001.
450 siden. Akademy-nűmer 928. ISBN 90 6171 928 3.
Priis € 25,00 / foar leden en stipers € 23,00.
Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl
“Mei syn fiif sintugen ferkent de minske de wrâld om him hinne en neamt dat aventoer Wittenskip.” Edwin Powell Hubble (1889-1953)