Intranet
WFT
KNAW
Frysk
Frysk
Frysk

Stasjonearre yn Fryslân

Essays, besprekken en polemiken
útferkocht

Is in bondel opstellen fan Lolle Nauta, dy't er selektearre hat út syn rûnom fersille essees en út guon ta lêstekst omwurke RONO-taspraken, út de fyftiger en sechtiger jierren fan 'e tweintichste ieu. De bondel wurdt ynlaat mei in grut essee, dat de auteur yn 1997 skreaun hat en dêr't er yn besiket in 'polemyske ynterpretaasje te jaan fan de algemiene maatskiplike eftergrûnen fan de [selektearre] stikken'. Hy makket dêr earst dúdlik hoe't er, as Nederlânsktalige fan hûs út, oan it Frysk skriuwen rekke. Hy publisearre essees (yn De Tsjerne) en fersoarge (om den brode) it Literair Kwartier foar de RONO. Midden sechtich hâlde er mei beide op, fral om't er it net mei syn wurk as filosoof oan de universiteit kombinearje koe. Esseeskriuwen is er earst yn de tachtiger jierren wer mei út ein set, en doe allinne yn it Nederlânsk.

Yn dizze ynlieding komt dus benammen de maatskiplike kontekst fan de literatuer nei foaren.
Foar de Fryske beweging en taalpurisme oer nimt er in tige polemysk stânpunt yn. Twatalichheid is syn karút en hy einiget dit essee mei de sinsnede dat er efterôf bliid is dat der ek Nederlânsktalige stikken yn de bondel steane. Twataligens soe in deagewoan ferskynsel wêze moatte, sa slút er ôf.

Dan folgje de selektearre essees, dy't yn fjouwer skiften yndield binne.

It earste skift is 'Literatuer en polityk'. Dêr komme saken as frijheid en skriuwer, literatuer en belutsenens (engaazjemint) oan 'e oarder. Ek de rol fan de literêre kritikus wurdt beljochte.

Dan folget it skift 'Frysk proaza' dêr't krityske skôgings oer nije boeken yn opnommen binne. Wurk fan ûnder oaren Jan Piebinga, Anne Wadman en Jo Smit wurdt besprutsen. Yn it tredde skift wurdt de Fryske poezij op deselde wize oan 'e oarder steld en dan is der ûnder mear omtinken foar wurk fan (en oer) Obe Postma, fan Sjoerd Spanninga en Jelle de Jong. Relatyf in soad omtinken krijt ek it tiidskrift Quatrebras. As lêste komt dan it skift 'Polemiken'. Hjir debatearret de auteur mei Fedde Schurer, Douwe Tamminga en oaren.

It boek jout in goed sicht op it debat dat yn Fryslân yn de lette fyftiger en de sechtiger jierren yn it literêre fermidden fierd waard en dêroer te fernimmen is foar elkenien dy't de ûntjouwings yn de Fryske letterkunde folget tige nijsgjirrich. Ut it bondel wurdt ek hiel moai dúdlik hoe hurd as de tiid giet en dat de diskusje dy't yn dy jierren fierd waard yndie in diskusje fan doe is.

Nauta, L., Stasjonearre yn Fryslân . Essays, besprekken en polemiken. Fryske Akademy, Ljouwert 1999. Akademy-nûmer 877. 
ISBN: 90 6171 877 5. 234 siden. Priis € 14,50 / foar leden en stipers € 13,50.

Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl

Mooie woorden

"As it net sile wol, moat men lavearje"

Als men niet kan zeilen moet men laveren