
ūndersyk nei it Frysk en it Nederlānsk yn it ferkear tusken siktary-amtners en ynwenners fan de gemeente Hearrenfean
Dit boek giet oer de fraach hoe't minsken twa talen brūke. Yn dizze taalsosjologyske stśdzje wurdt it hālden en dragen foar it Frysk en it Nederlānsk oer ūndersocht yn de kontakten fan gemeente-amtners mei boargers.
Foar ien gemeente - Hearrenfean - wurde de regels foar it brūken fan beide talen en de patroanen foar it ōfwikseljen dźrtusken detaillearre beskreaun.
Yn in taalsosjologysk profyl fan de amtners en de ynwenners fan de gemeente wurdt fan de taalferhāldingen in oersjoch jūn. Boppedat wurdt de ūntjouwing fan it taalbelied fan de gemeente set yn it ramt fan Europeeske opfettingen oer it befoarderjen fan minderheidstalen. It gehiel wurdt ōfsletten mei in analyze fan machtsferskillen tusken Frysk en Nederlānsk.
De bedoeling is yn it foarste plak om it ynsjoch yn de Frysk-Nederlānske twataligens grutter te meitsjen en it middel dźrta is in sa krekt mooglike beskriuwing fan de taalferhāldingen yn it offisjele ferkear yn de gemeente Hearrenfean.
Gorter, D., Taal fan klerken en klanten. Undersyk nei it Frysk en it Nederlānsk yn it ferkear tusken siktary-amtners en ynwenners fan de gemeente Hearrenfean. Fryske Akademy, Ljouwert 1993. Akademy-nūmer 758. ISBN: 90 6171 758 2. 330 siden.
Priis 13,50 / foar leden en stipers 12,50.
Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl
I let my dreams roam far and saw the heavens open
Obe Postma (1868-1963)