
Undersyk nei taalbehearsing, taalgedrach, meidwaan oan kursussen en taalhâlding yn de provinsjale organisaasje
Yn dit rapport wurde de risseltaten werjűn fan in űndersyk troch de Akademy dien yn 1993 yn opdracht fan Deputearre Steaten fan Fryslân nei taalbehearsing, taalgedrach en taalhâlding fan provinsjale amtners.
It docht bliken dat yn ferliking ta in yn 1985 hâlden soartgelyk űndersyk der net in soad feroare is.
Wol is de taaleftergrűn fan de amtners no (1993) wat faker Nederlânsk en is de skriftlike taalbehearsing fan it Frysk tanommen; mear amtners lęze en skriuwe Fryske stikken.
Ek de hâlding foar it Frysk oer is positiver wurden.
De kursussen dy’t jűn wurde om it Frysk better yn ‘e macht te krijen binne de measte amtners ek wol posityf oer.
De skriuwers konkludearje dat it Frysk wol brűkt wurdt yn de ôfdielings fan de provinsje, mar dat it Nederlânsk de oerhân hat, benammen op de hegere nivo’s en fierder dat it belied fan de provinsje oangeande it Frysk yn syn eigen fermidden wol sukses hân hat, mar dat it sűnder fierdere stimulearring net kin.
Gorter, D en R.J. Jonkman, Taal op it wurk fan de Provinsjale amtners. Undersyk nei taalbehearsing, taalgedrach, meidwaan oan kursussen en taalhâlding yn de provinsjale organisaasje.
Fryske Akademy/Provinsje Fryslân), Ljouwert 1994. 100 siden. Priis: € 2,50.
Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl
“Nearne is fęstlein dat skiednis yn 'e rjochte line bewege moat.”
Barack Obama (1961-)