
Yn 1967 waard yn Fryslân de earste taalsosjologyske survey hâlden. In enkęte waard foarlein oan in represintative stekproef út de befolking fan Fryslân oer lęsgewoanten en lęswinsken fan de Friezen, mar der waard ek sjoen nei taalgedrach en taalhâlding. Dat űndersyk resultearre yn it boek De Friezen en hun taal (1969). Yn 1979 is dat űndersyk werhelle, mar wol gâns útwreide. De taalenkęte dy’t doe hâlden waard, hat resultearre yn de publikaasje Taal yn Fryslân, dy’t yn 1984 ferskynde.
Yn 1993 waard op ‘e nij in grutte taalenkęte hâlden. Fan dat materiaal is it rapport makke dat hjir besprutsen wurdt. It hat de titel krigenTaal yn Fryslân op ‘e nij besjoen en ferskynde yn 1995. It rapport jout in oersjoch fan de wichtichste data oer taalbehearsking, taalachtergrűn, taalgedrach en taalhâlding. It materiaal wurdt hieltiten ferlike mei dat út de twa foargeande enkętes. Tsjin de ferwachting yn is de taalbehearsking fan it Frysk frij stabyl bleaun, nei 1980. Itselde jildt foar it taalgedrach en ek de taalhâlding is net yngripend feroare. Wat it taalbelied oangiet is der in grutte mearderheid te finen dy’t posityf foar stimulearjen fan it Frysk oer stiet. Der is ek in mearderheid te finen dy’t it ferplicht oanlearen op skoalle fan Frysk praten, skriuwen, ferstean en lęzen stipet.
Utwreiding fan it oanpart Frysk yn de deiblęden fine de measte Friezen net nedich, mar it makket har ek neat út as it oanpart ferdűbele wurde soe. Dat de fiertaal fan de radio en televyzje neiernôch hielendal Frysk is, wurdt troch de Friezen algemien akseptearre. De miening oer Frysk yn ‘e reklame is gelyk oan dy oer it Frysk yn ‘e deiblęden: de kwestje libbet winliken net. De algemiene konklúzje fan de skriuwers is: der is in stabile sitewaasje foar it Frysk oangeande taalbehearsking, it gebrűk yn ynformele en formele domeinen, de taalhâlding en it lęzen fan it Frysk yn de deiblęden. It folgjen fan Frysktalige audio-fisuele media is tanommen.
Gorter, D. en R.J. Jonkman, Taal yn Fryslân op ‘e nij besjoen, Fryske Akademy, Ljouwert 1995. Sosjaal-wittenskiplike rige 12. Akademy-nűmer 807. ISBN 90 6171 907 4. 90 siden. Priis € 9,00 / foar leden en stipers € 8,00.
Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl
“I let my dreams roam far and saw the heavens open”
Obe Postma (1868-1963)