

útferkocht
It űndersyk ‘Taalpeiling yn Fryslân’ hat ta doel it nivo te hifkjen fan de behearsking fan beide skoalletalen yn Fryslân, it Nederlânsk en it Frysk, by sawol Nederlânsktalige as Frysktalige learlingen oan ‘e ein fan ‘ e basisskoalle. De opset fan de stúdzje is sterk bepaald troch de foarmjouwing fan de taalpeilingen fan de nasjonale Periodieke Peiling van het OnderwijsNiveau (PPON). Dat hâldt yn dat oan fjouwer feardichheden omtinken jűn wurdt: harkjen, lęzen, praten en skriuwen.
Dy feardichheden wurde yn ferbân brocht mei twa űnôfhinklike fariabelen: skoalleskaaimerken (taalomjouwing, sosjaal-ekonomyske status, it űnderwiispakket Nederlânsk en it oanbod Frysk) en learlingeskaaimerken (thústaal en slachte).It űndersyksmateriaal is samle mei help fan in stekproef út 47 basisskoallen yn Fryslân; yn totaal 788 learlingen.
Oer de feardichheden oangeande it Frysk kin sein wurde dat it harkjen en begripend lęzen in befredigjend nivo hat. It technysk lęzen en it staverjen binne net goed.
De Frysktalige bern skoare wol heger op de űnderskate dielfeardichheden, mar de ferskillen mei de Nederlânsktaligen binne lyts.
De taalbehearsking fan it Nederlânsk op de űnderdielen harkjen, technysk en begripend lęzen en stavering is fan in ridlik nivo; dat jildt ek foar de skriuwfeardigens. Wat de sprekfeardigens oangiet, foldogge de learlingen, Frysktalige likegoed as Nederlânsktalige, net oan de stelde noarmskoare .
As algemiene konklúzje kin jilde dat Frysktalige en Nederlânsktalige learlingen yn Fryslân oan ‘e ein fan de basisskoalle wat de taalbehearsking fan it Nederlânsk oangiet itselde nivo berikke as de learlingen fan hiel Nederlân.
Wat de taalbehearsking fan it Frysk oanbelanget moat sein wurde dat de kearndoelen net berikt wurde.
De űndersikers pleitsje dęrom foar in regionaal belied foar twatalich űnderwiis yn Fryslân.
Jong, S. de en A.M.J. Riemersma, Taalpeiling yn Fryslân. Onderzoek naar de beheersing van het Fries en het Nederlands aan het einde van de basisschool, (diss. KUB), Fryske Akademy, Ljouwert 1994.
Akademy-nűmer 780. ISBN: 90 6171 780 9. 265 siden. Priis € 16,00 / foar leden en stipers € 14,50.
Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl
Als men niet kan zeilen moet men laveren