

Yn 'The Syntax of Infinitives in Frisian' binne fiif stúdzjes oer ynfinitiven en it hâlden en dragen dêrfan yn 'e sinbou fan it Frysk gearbrocht. It boek wurdt ynlaat troch in algemien besprek fan 'e foarm en it foarkommen fan ynfinitiven yn it Frysk en in evaluaasje fan it ûndersyk dêrnei (haadstik 1).
It Frysk rint der mank de Germaanske talen út troch dat it twa ynfinitiven hat. Alle tiidwurden hawwe in ynfinityffoarm op -e en ien op -en. Dy twa ynfinityffoarmen wurde net samar trochinoar brûkt, mar ha in strange distribúsje. Sa oppenearret him bygelyks by modale helptiidwurden lykas kinne altyd in ynfinityf op -e (ferlykje: Hy kin rinne), wylst by tiidwurden fan persepsje lykas sjen altyd in ynfinityf op -en ferskynt (Hy seach har rinnen).
Yn ''Verb Second' en de 'imperativus pro infinitivo' in het Fries'' (haadstik 2) wurdt sjen litten dat it foaropsette tiidwurd yn 'e 'imperativus pro infinitivo' of de en + ymperatyfkonstruksje (ferlykje: Hy wie fan doel en skriuw in boek) wol de uterlike foarm fan in ymperatyf hat, mar dat it feitliks om in ynfinityf giet. Dat hat konsekwinsjes foar teoryen oer tiidwurdfoaropsetting ('Verb Second'). Yn 'e literatuer wurdt meast útholden dat allinnich it bûgde tiidwurd (de persoansfoarm) foaropset wurde kin. Der wurdt in teory oer tiidwurdfoaropsetting útsteld dêr't de foaropsetting fan 'e ynfinityf yn 'een + ymperatyfkonstruksje yn bepast wurde kin.
'Trijetiidwurdkonstruksjes' (haadstik 3) behannelet konstruksjes fan trije (of mear) tiidwurden yn it Frysk, benammen de saneamde A-konstruksje (Hy hie dat dwaan kinnen) en de synonime B-konstruksje (Hy koe dat dien ha). De eigenskippen fan dy beide ferbiningen wurde wiidweidich besprutsen en der wurdt besocht om oannimlik te meitsjen dat se weromgeane op ien ûnderlizzende struktuer.
Yn 'On the Typology of te-Infinitives in Frisian' (haadstik 4) en 'Fering tu-Infinitives, North Sea Germanic Syntax and Universal Grammar' (haadstik 5) is it te rêden om te-ynfinitiven yn it Frysk. Der wurdt sjen litten dat yn it Frysk fjouwer typen fan te-ynfinitiven ûnderskaat wurde kinne. Njonken ferbale en adjektivale te-ynfinitiven, dy't ek yn oare Westgermaanske talen foarkomme, hat it Frysk preposisjonele en sentinsjele te-ynfinitiven yn sinnen lykas Hja giet te toarnbeisykjen en Wy helpe jimme te oprêden. Dat ús Frysk, mar ek de Eastfryske en Noardfryske dialekten, dy typen te-ynfinitiven ta har foldwaan ha, wurdt yn ferbân brocht mei it feit dat alle Fryske dialekten twa ynfinityffoarmen ha.
Yn 'V(P)-ellipsis' (haadstik 6) wurdt it ferskynsel fan it weilitten (ellipsis) fan ynfinitiven besprutsen. Yn it Frysk kin net allinnich in keale ynfinityf weibliuwe by modale helptiidwurden (ferlykje: Hy wol nei Grins ta (gean)), mar ek in te-ynfinityf yn om-sinnen (ferlykje: Hy is fan doel om moarn nei Grins ta (te gean)). Der wurdt neigien, wêrom oft it Frysk, yn tsjinstelling ta de oare Westgermaanske talen, dy spesifike mooglikheid hat.
Hoekstra, J. The Syntax of infinitives in Frisian. Fryske Akademy, Ljouwert 1997. Akademy-nûmer 841. ISBN 90 6171 841 4. 175 siden.
Priis € 13,50 / foar leden en stipers € 12,50.
Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl
“Mei syn fiif sintugen ferkent de minske de wrâld om him hinne en neamt dat aventoer Wittenskip.” Edwin Powell Hubble (1889-1953)