Intranet
WFT
KNAW
Frysk
Frysk
Frysk

Woutir in Tialle

Utjefte mei ynlieding en oantekeningen fan dit foar it earst yn 1609 anonym útjûne Midfryske brulloftsfers. 

It hat de foarm fan in gearspraak tusken de húslju Woutir en Tialle. 

Woutir hat de foarige deis nei de merk yn Frjentsjer west en bedarre dêr doe op 'e brulloft fan Marco à Lycklema en Perck van Goslinga.

Hy fertelt Tialle dêr wiidweidich oer. Tialle woe soks ek wolris meimeitsje. Wouter wit dat der oer trije wike wer in brulloft is. Dêr sil Tialle dan mar ris hinne.

Wouter liket dat tige ta. Hy beslút mei: "Du settir sockin nocht / oon sijæn in æck oon heere / Wol hilte meer as ic / dy hier nu heb vercleere".

Brouwer, J.H., Woutir in Tialle. Mei ynlieding en oanteikeningen fen J.H. Brouwer. Teksten út de Fryske skriftekennisse útjown fan de Fryske Akademy ûnder redaksje fen P. Sipma en G. Gosses. A.J. Osinga, Boalsert 1939. Magnus-rige 4. Akademy-nûmer A108. 70 siden. Priis € 3,00.

Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl

Mooie woorden

“History is the witness that testifies to the passing of time; it illumines reality, vitalizes memory, provides guidance in daily life and brings us tidings of antiquity.”

“Skiednis is de tsjûge fan it ferstriken fan 'e tiid; it smyt ljocht op 'e wurklikheid, hâldt it ûnthâld libben, jout help yn it deistich libben en bringt ús tynge fan it ferline.” Cicero (106-43)