
Dizze bondel mei taalkundige stúdzjes is útjun by gelegenheid fan it fyftichjierrich bestean fan 'e Fryske Akademy. De bondel slút ynsafier oan by de taalkundige (benammen leksikografyske) tradysje fan 'e Fryske Akademy, dat it wurd yn syn wiidste omfieming as tema nommen is. Oan 'e oare kant makket er him los fan 'e tradysje troch it wurd net allinnich mar te besjen út in leksikografysk eachweid, mar ek grammatikale, literêre en terminologyske aspekten dêrfan har gerak te jaan.
'Wurdfoarried en wurdgrammatika' befettet njoggen artikels mei in moai grut ferskaat oan ûnderwerpen. In grut part fan 'e bydragen giet oer wurdfoarming, mei navenant frijwat omtinken foar de syntaktyske kanten dêrfan. De leksikale fonology komt oan bod yn twa artikels.
Fierders fynt men yn it boek in literêre en in terminologyske stúdzje op basis fan in wurdkorpus. De leksikology kipet om 'e hoeke yn in stik oer it wurdklune. Ta in hichte foarmet dizze bondel ek in mienskiplike presintaasje nei bûten ta fan in nije generaasje Fryske taalkundigen. In generaasje dy't him mear as foarhinne, oriïntearret op wat der ynternasjonaal op taalkundich mêd te rêden is.
Dijk, S. en G. de Haan, Wurdfoarried en wurdgrammatika. In bondel leksikale stúdzjes. Utjûn by gelegenheid fan it 50-jierrich bestean fan de Fryske Akademy. Fryske Akademy, Ljouwert 1988. Akademy-nûmer 692.
ISBN: 90 6171 692 6. 222 siden. Priis € 20,50 / foar leden en stipers € 18.00.
Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl
Als men niet kan zeilen moet men laveren