
Yn it Wurdboek fan de Fryske Taal/Woordenboek der Friese Taal (WFT) wurdt de wurdskat fan it Nijfrysk út it tiidrek 1800-1975 beskreaun. It earste diel waard yn 'e hjerst fan 1984 útbrocht en dêrnei is der omtrint alle jierren in diel útkommen. Neffens de planning sil it lêste diel, 26, yn 2010 ferskine. Der wurde ûnderwilens prikken yn it wurk set om sa gau mooglik dêrnei mei in elektroanyske ferzje (op CD-ROM) te kommen.
It WFT wol de Fryske wurdskat sa folslein mooglik ûntslute. Fan 'e behannele grûnwurden wurde dêrom de formele aspekten behannele, lykas wurdsoarte, útspraak en bûgingsfoarmen. Mar it wichtichste is de omskriuwing (yn it Nederlânsk) fan 'e betsjutting fan 'e wurden en dêrby makket it neat út, oft it no om in grûnwurd, in ôflaat wurd of in gearsetting giet. As dat kin, wurdt der mei in oersetting folstien, mar foaral by grûnwurden kin it meast net sûnder in neiere ferklearring.
De betsjuttingsomskriuwing wurdt safolle mooglik yllustrearre mei sitaten, út in grut ferskaat fan boarnen en mei mûnlinge opjeften.
Der is yn it WFT in soad omtinken foar de fêste ferbiningen dêr't de wurden har yn oppenearje. It giet dan net allinnich om útdrukkingen en siswizen, mar ek om gefallen lykas oan 'e hân fan (by hân) en troch de wei fan (by wei). Sokke fêste ferbiningen wurde typografysk apart set, dat se maklik te finen binne. De sprekwurden wurde oan 'e ein fan it artikel jûn.
It Wurdboek fan de Fryske Taal/Woordenboek der Friese Taal is in rike boarne foar ús kennis fan 'e Nijfryske wurdskat en dêrmei in tige helpmiddel foar taalkundich en oar ûndersyk. Mar men kin der ek mei nocht gewoan wat yn omsneupe en jin fernuverje mei alle wurden dy't men net koe, mei al it ferskaat dat der is en mei alle útdrukkingen en siswizen, dêr't men jin gauris de bûsen om útskuorre kin.
Boersma, P. e.o. (red.),
Wurdboek fan de Fryske Taal/
Woordenboek der Friese Taal,
Diel 19, siedstâle - skôgje.
Fryske Akademy, Ljouwert 2003,
400 siden
Akademy-nûmer 955, ISBN 90 6171 955 0.
Priis € 42,50 / foar leden en stipers € 39,00
Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl
Als men niet kan zeilen moet men laveren