
Op Skierműntseach wurdt noch altyd troch in 100 minsken it âlde pleatslike dialekt brűkt. Dat is sűnder mis in dialekt fan it Frysk, mar troch de isolearre lizzing fan it eilân is it troch de ieuwen hinne in folslein eigen wei gien.
De eilander wurdskat is no wiidweidich fęstlein yn in nij wurdboek, dęr't op 'e Fryske Akademy jierrenlang oan arbeide is. Mei de titel Eilander Wezzenbúek is fuort dúdlik om watfoar eilân oft it giet. Dat kin nammentlik oars net węze as Skierműntseach, want it Skierműntseagersk is it iennichste Fryske dialekt dęr't sewes tsjin it wurd wurd sizze. Dat allinnich al mei in oanwizing węze dat it 'eilanders' frijwat apart is.
D. Fokkema Sr., hat yn 1968 in Wezzenlist fan it Schiermonnikoogs publisearre. Mei syn krapoan 130 siden koe dat doe dochs net mear as it needsaaklikste jaan. Mar neffens de Fryske Akademy is it eilanders wol sa nijsgjirrich dat it de muoite wurdich is om it noch in kear goed fęst te lizzen, benammen no't it tal sprekkers hieltyd lytser wurdt en der no dus noch de mooglikheid bestiet om dingen nei te freegjen.
Der is besocht om, op basis fan Fokkema syn wurdlist, ta in sa folslein mooglik wurdboek te kommen.
It Wezzenbúek giet út fan it Skierműntseagersk en de beskriuwende taal is it Nederlânsk. De útspraak fan 'e wurden is no ek fęstlein. Boppedat is oan it begjin fan it wurdboek artikel wiidweidige grammatikale ynformaasje jűn. Fierders binne der neffens Fokkema ek folle mear foarbyldsinnen yn it Wezzenbúekopnommen, dy't tsjinje om typyske sinkonstruksjes, fęste kombinaasjes of typyske wizen fan sizzen foar it fuotljocht te bringen.
De lęste 175 siden binne reservearre foar in yndeks, dy't op grűn fan in Nederlânsk wurd tagong jout ta it wurdboekpart.
It Wezzenbúek biedt ek in oersjoch fan de Skierműntseager grammatika. Dy wykt nammentlik nochal wat ôf fan wat de brűker út it Nederlânsk of Frysk wei wend is.
Willem Visser en Siebren Dyk, Eilander Wezzenbúek/Woordenboek van het Schiermonnikoogs (Rige Fryske Dialektstúdzjes, diel 10); Fryske Akademy 2002. Akademy-nűmer 934. 844 siden. ISBN: 90 6171 934 8. Priis: € 30,00 / foar leden en stipers € 27,00.
Ynformaasje: Afűk
de morgenstond heeft goud in de mond