
Is it sa dat de Friezen om utens in wichtige doelgroep binne, dochs is it Frysk-Ingelsk wurdboek bedoeld as in wurdboek foar algemien gebrűk.
It Frysk-Ingelske part beslacht sa'n 850 siden tekst mei Fryske wurden en útdrukkings mei dęrby de oersetting yn Britsk en Amerikaansk Ingelsk.
Der binne fierder fonetyske transkipsjes fan elts grűnwurd opnommen en boppedat is der in grammatikaal kompendium yn it Ingelsk oan tafoege.
It Ingelsk-Fryske part wurdt foarme fan in wurdlist fan sa'n 350 siden dat benammen de net-Frysktalige brűker in goede yngong op it wurdboek jout.
Dykstra, A. Frysk-Ingelsk wurdboek/Frisian-English dictionary. Afűk/Fryske Akademy Ljouwert. Akademy-nűmer 897. ISBN 90 6273 579 7, 1192 siden. Priis € 29,50 / foar leden en stipers € 28,50.
Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl
“Skiednis is de tsjűge fan it ferstriken fan 'e tiid; it smyt ljocht op 'e wurklikheid, hâldt it űnthâld libben, jout help yn it deistich libben en bringt ús tynge fan it ferline.” Cicero (106-43)