
Alfabetyske en retrograde wurdlisten fan it Fryske wurk fan Gysbert Japicx, besoarge fan Anne Dykstra, Jogchum Reitsma en Willem Visser
Gysbert Japicx (1603-1666) is de wichtichste Midfryske dichter en tagelyk in grut taalbouwer.
It earste part fan dit boek jout in alfabetyske list fan alle wurdfoarmen yn syn Frysk wurk, mei in oantsjutting fan 'e fynplakken.
Yn it twadde part binne dy wurdfoarmen retrograad, fan efteren nei foaren, alfabetisearre (en binne de fynplakken net wer jûn).
Yn 'e ynlieding dogge de besoargers wiidweidich út 'e doeken, hoe't se te wurk gongen binne.
Dijkstra, A.J. Reitsma en W. Visser, Gysbert Japicx Wurden. Alfabetyske en retrograde wurdlisten fan it Fryske wurk fan Gysbert Japicx, besoarge fan Anne Dykstra, Jogchum Reitsma en Willem Visser. Fryske Akademy, Ljouwert 1993. Akademy-nûmer A 105. 325 siden. Priis: € 11,50.
Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl
“I let my dreams roam far and saw the heavens open”
Obe Postma (1868-1963)