
Juridisch Woordenboek Nederlands-Fries
No te keap foar € 5,00
It krapoan 14.000 yngongen tellende boek set Nederlânsktalige juridyske faktaal oer yn it Frysk en dêrmei is it in unyk boek.
Earder binne der ek wol boeken ferskynd dy't amtlike termen yn it Frysk jouwe, mar dy binne lang sa omfiemjend net.
Neist de Fryske oersettingen fan de yngongen jout it wurdboek sa'n tsientûzen Nederlânsktalige fêste ferbiningen en foarbyldsinnen mei in Fryske oersetting.
Om de Fryske termen ek yn it wurdboek fine te kinnen is efter it wurdboekpart in yndeks Frysk-Nederlânsk opnommen.Dêr steane alle oersettingen fan de Nederlânske yngongen mei in ferwizing nei dy yngongen yn.
Nei de yndeks folget in tal listen mei titels fan wetten en ferdraggen.
De Fryske plak- en gemeentenammen steane ek allegearre yn listen efteryn it boek.
Duijff, Pieter, Juridisch Woordenboek Nederlands-Fries, met een index Fries-Nederlands. Martinus Nijhoff/Fryske Akademy, Groningen/Ljouwert 2000. Akademy-nûmer 905. ISBN 90 6890 571 6. 677 siden.
[Priis € 35,75 / foar leden en stipers € 33,25]. No te keap foar € 5,00.
Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl
de morgenstond heeft goud in de mond