Intranet
WFT
KNAW
Frysk
Frysk
Frysk

List fan iterijwurden

Dizze list fan iterijwurden is űntstien út in samling dy't yn 'e rin fan jierren oanlein is by it Taalburo fan 'e Fryske Akademy. De oanlieding ta it sammeljen fan dy termen lei yn it feit dat der gauris frege waard om in oersetting fan Hollânske of oarstalige menu's, net allinne troch partikulieren mar ek troch hotels en restauranten.

It Frysk Wurdboek (nederlânsk-frysk), Ljouwert 1985, dat men by it oersetten almeast rieplachtet, jout op it męd fan menu's en resepten net altiten utslútsel. Dęrom binne troch de auteur út 'e beide hanwurdboeken de termen socht dy't it iten en drinken beneame.

Sa binne twa listen (H-F en F-H) űtstien dy't ynearsten wakker űngelyk fan ynhâld wiene. Nei it lykstriken fan beide, is de Hollânsk- Fryske list útwreide mei gans termen ut Hollânsktalige itensiedersboeken, en dan benammen de navenant bekende en gebrűklike produkten, gerjochten en bewurkingen.

It risseltaat is in list dy't útsoarte lang net folslein is. It haadgerjocht - de beide wurdlisten - is alfabetysk oardere.

As neigesetsje folget by wize fan foarbyld noch in nustje Fryske menu's.

Haan, R. de, List fan iterijwurden. Taalburo Fryske Akademy, Ljouwert 1994. Akademy-nűmer A 113. 
104 siden. Priis € 7,00.

Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl

Mooie woorden

"Te węzen of net te węzen, dat is de fraach"

William Shakespeare (1564-1616)