Intranet
WFT
KNAW
Frysk
Frysk
Frysk

Nije list fan frjemde wurden

Yn 1952 ferskynde by de Fryske Akademy foar it earst in List fan frjemde wurden. Dy list wie gearstald troch de doetiidske wurdboekmeiwurker G.A. Gezelle Meerburg. Der wie yndertiid ferlet fan sa'n list, om't by de staveringsferoaring fan 1945 gjin dúdlike regeling foar de stavering fan frjemde wurden makke wie. 'Frjemde wurden' binne wurden dy't fan âlds út it Gryksk, Latyn of Frânsk en letter foaral út it Ingelsk, mar ek út oare talen, gauris fia it Nederlânsk, yn it Frysk telâne kommen binne.

Sûnt 1980 jildt yn Fryslân de saneamde 'Steatestavering'. Op 10 augustus 1982 stelden Deputearre Steaten fan Fryslân ek in nije stavering foar frjemde wurden fêst. By dy gelegenheid kaam de winsk nei foaren en freegje de Fryske Akademy om in nije list fan frjemde wurden gear te stallen. Yn 1993 hat Beart Oosterhaven, doe noch redaksjemeiwurker by de fakgroep Leksikografyske Projekten, sa'n Nije list fan frjemde wurden makke.

Om't ûnderwilens de stavering fan it Nederlânsk ('Spellingsbesluit-1994') ek oanpast is en der gâns nije frjemde wurden yn it Frysk bykommen binne, hat Oosterhaven syn list no wer 'by de tiid' brocht. 

Yn dizze fernijde, twadde printinge fan 'e Nije list fan frjemde wurden - in tige oan te rikkemandearjen neislachwurkje foar elk dy't wolris Frysk skriuwt! - binne mear as 14.000 fan sokke wurden te finen.

Oosterhaven, Beart, Nije list fan frjemde wurden (2de printinge). Fryske Akademy, Ljouwert 2000. Priis € 13,50 / foar leden en stipers € 12,50.

Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl

Mooie woorden

“Fier haw ik myn dreamen weide en de himel iepen sjoen”

“I let my dreams roam far and saw the heavens open”
Obe Postma (1868-1963)