

In ûndersyk nei bakkersfaktaal
Yn it boekje 'Sa werkte dat froeger' fan Hindrik Sijens wurde sa'n 600 bakkerswurden beskreaun, dy't er opheind hat út de mûle fan fjouwer âld-bakkers.
De bakkersfaktaal is sammele om ferwurke te wurden yn it Wurdboek fan de Fryske taal.
It idee bestie dat lang net alle Fryske bakkersfaktaal yn dat wurdboek stie, om't der noait systematysk bakkersfaktaal sammele wie. Yn dit boekje wurdt fan de bakkerswurden hieltyd in beskriuwing jûn, soms mei sitaten fan de bakkers dy't interviewd binne.
Wurden dy't opnaam binne, binne û.o. poeiersûker, pof, pofke, pofmes, potjiske, pipernútskjirre.
Neist it ûndersyksferslach en de list mei bakkerswurden is ek in fraachpetear werjûn mei ien fan de âld-bakkers.
It boekje is yllustrearre mei foto's en befettet as bylage in fragelist en in list mei bakkerswurden út it Wurdboek fan de Fryske taal.
Sijens, Hindrik, Sa werkte dat froeger. In ûndersyk nei bakkersfaktaal. Fryske Akademy, Ljouwert 2001, rige Stúdzje- en Boarnemateriaal nûmer 20, Akademy-nûmer A 161. 85 siden. Priis € 9,00 / foar leden en stipers € 8,00.
Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl
“Alle wittenskip is net mear as in ferfining fan it tinken fan al-den-dei.”
Albert Einstein (1879-1955)