
[útferkocht]
It Frysk kin yn it fuortset ûnderwiis brûkt wurde as fiertaal by fakken lykas biology of ierdrykskunde. Om dat mooglik te meitsjen, is it fan belang dat de terminology fan elk fak foarhannen is. De terminology dy't yn Terminology fan 'e saakfakken opnommen is, is dêr in oanset ta.
Ynearsten lei it yn 'e bedoeling om in list fan grûnbegripen op te stellen foar de basisfoarming, mar geandewei waard dúdlik dat it net sa maklik is om fêst te stellen wat al of net by de basisterminology heart. Dêrom is foar in bredere opset keazen, dy't foar it hiele fuortset ûnderwiis fertuten dwaan kin.
Foar it gearstallen fan dizze list fan hast 9500 termen is gebrûk makke fan al besteande listen (lykas biology en gemy), fan trefwurdlisten yn learboeken foar it fuortset ûnderwiis, fan de trefwurden fan Prisma-fakwurdboeken en fan it Frysk wurdboek N-F.
Yn de list komme de fakken biology, ekonomy, geografy, skiednis, ynformatika (mei ynbegryp fan ynformaasjekunde), natuerkunde, skiekunde, fersoarging en wiskunde oan 'e oarder.
Boppedat jout it boek in list fan lânnammen mei har eigenskipswurd en ynwennernamme.
Rienk de Haan, Terminology fan 'e saakfakken, Taalburo Fryske Akademy, Ljouwert.
Akademy-nûmer A 146. 274 siden. Priis € 19,50 / foar leden en stipers € 18,50.
Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl
“I let my dreams roam far and saw the heavens open”
Obe Postma (1868-1963)