
Dizze twadde printinge fan 'e Wurdlist foar it offisjele ferkear folget de earste op, dy't yn 1986 ferskynde. Yn it foaropwurd fan dat boekje waard oan de brūkers frege om harren ūnderfining en op- of oanmerkings troch te jaan oan it Taalburo. Fan ūnderskate kanten kamen sa geandewei reaksjes binnen, dźr't tankber gebrūk fan makke wurde koe.
It die bliken dat de measte Fryske teksten yn it amtlik fermidden spitigernōch troch oersetten ta stān komme.
Fierwei de measte problemen binne dźrom ek oersetswierrichheden by sawol spesifike amtlike wurden en śtdrukkings as ek konstruksjes fan algemiener aard.
Dizze wurdlist besiket by de praktyk oan te sluten troch śt te gean fan it Hollānsk en oan beide kategoriėn omtinken te jaan; it meast oan spesifike 'offisjele' wurden, minder oan algemien taalgebrūk om't dźrfoar alderearst it Frysk Wurdboek N-F rieplachte wurde kin.
Haan, R. de, Wurdlist foar it offisjele ferkear. Taalburo Fryske Akademy, Ljouwert 1989.
Akademy-nūmer A 42. 86 siden. Priis 4,00.
Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl
Skiednis is de tsjūge fan it ferstriken fan 'e tiid; it smyt ljocht op 'e wurklikheid, hāldt it ūnthāld libben, jout help yn it deistich libben en bringt śs tynge fan it ferline. Cicero (106-43)