Intranet
WFT
KNAW
Frysk
Frysk
Frysk

Wurdlisten fan ‘e Fryske stedsdialekten

Yn sān fan de Fryske stźden wurdt it Stedsfrysk praat. Dy taal is yn 'e rin fan de sechstjinde ieu ūntstien troch kontakt tusken de nijkommelingen yn de stźden en de autochtoane Frysktalige ynwenners fan dy stźden. Dy nije ynwenners fan de stźden kamen śt wat no de Nederlānske provinsje Noard-Hollān is; no noch hat it Stedfrysk gāns oerienkomsten mei dialekten śt dy streek.

Yn dit boek binne fan de stźden Boalsert, Dokkum, Frjentsjer, Harns, Snits en Starum sa'n fjirdel tūzen grūnwurden jūn. It śtgongspunt hawwe de grūnwurden śt it Woardeboek fan ut Leeuwarders west.

De wurdlisten fan elk fan de stźden binne sa ōfprinte dat yn ien eachopslach de ferskillen en de oerienkomsten tusken de stedsdialekten fźststeld wurde kinne.

It taalmateriaal yn it boek is op grūn fan mūnlinge enkźten samle yn 'e jierren 1992-1996.

Duijff, Pieter, Wurdlisten fan 'e Fryske stedsdialekten. Fryske Akademy, Ljouwert 1998. Rige Fryske Dialektstśdzjes nūmer 8. Akademy-nūmer 860. ISBN 90 6171860 0. 178 siden. Priis € 11,50 / foar leden en stipers € 11,00.

Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl

Mooie woorden

“Fier haw ik myn dreamen weide en de himel iepen sjoen”

“I let my dreams roam far and saw the heavens open”
Obe Postma (1868-1963)