Intranet
WFT
KNAW
Frysk
Frysk
Frysk

Halbertsma-argyf / Halbertsmatydskrift

It Halbertsma-argyf/-tydskrift wol alle ûndersikers dy't har op 'e ien of oare wize mei Joast Hiddes Halbertsma (1789-1869) dwaande hâlde bymekoar bringe. Wy hoopje dat elk materiaal leveret dat hy/sy gaadlik achtet om yn it argyf op te nimmen. Oaren kinne dêr dan wer gebrûk fan meitsje. It is fierder it doel om earder publisearre atikels hjir digitaal beskikber te meitsjen. Sa sil úteinlik in wiidweidich frij rie te plachtsjen Halbertsma-argyf ûntstean, dat hooplik it Halbertsma--ûndersyk stimulearje en ek makliker meitsje sil.

Der is ek plak foar nij wurk. It hoecht net om útkristallisearre, definitive ûndersyksferslaggen te gean. Foarriedige publikaasjes sille allinne mar better en folsleiner wurde at oare ûndersikers út har eigen saakkundigens wei kommentaar leverje.

Alpita de Jong en Anne Dykstra

Klik hjir om nei it argyf te gean.

Klik hjir om nei it tydskrift te gean.

Mooie woorden

“History is the witness that testifies to the passing of time; it illumines reality, vitalizes memory, provides guidance in daily life and brings us tidings of antiquity.”

“Skiednis is de tsjûge fan it ferstriken fan 'e tiid; it smyt ljocht op 'e wurklikheid, hâldt it ûnthâld libben, jout help yn it deistich libben en bringt ús tynge fan it ferline.” Cicero (106-43)