Intranet
WFT
KNAW
Frysk
Frysk
Frysk

Gearfettings "Halbertsma-lêzings" op it filologekongres 2002

(foar mear ynformaasje oer it kongres, e-mail pboersma@fa.knaw.nl)

Joast Halbertsma: skeppe út ferset

Ph. H. Breuker (Fryske Akademy/Universiteit van Amsterdam)

Alden, masters en rivalen. Motiven by kar en rjochting fan syn wurk, literêr sawol as wittenskiplik. Ien fan de foarnaamste dingen dêr't in biograaf by it oarderjen en selektearjen fan syn materiaal foar komt te stean is de fraach nei de persoanlike faktor yn it libben en it wurk dat er begripe wol. Dêr wer in aspekt fan is de fraach hoe't en oft de beskreaune ta in eigen identiteit komt. Dy fraach wurdt yn dizze lêzing in antwurd op socht yn de ferhâlding fan Halbertsma ta oaren oer, yn it bysûnder ta oare autoriteiten, likefolle oft it no giet om persoanen (âlden, learmasters, bewûndere foarbylden, kollegaskriuwers en -gelearden) as om ynstellingen en kollektiviteiten (Hollân (en Dútslân), Fryslân (en Ingelân), Biedermeierliteratuer, Frysk Genoatskip, mennisten, en mear, dêr't lykwols gjin tiid foar wêze sil). Op grûn fan earder ûndersyk gean ik hjir út fan in sterke trek by Halbertsma om him ôf te setten tsjin oare machten op syn gebiet.

Joast Hiddes Halbertsma de wurdboekskriuwer

A. Dykstra (Fryske Akademy)

Yn myn ûndersyk nei it leksikografyske wurk fan Halbertsma sil besocht wurde om in foech yntellektuele biografy fan Halbertsma te jaan om sadwaande benammen (de ynfloeden op) syn wittenskiplike ûntjouwing en de ynfloed fan syn wittenskiplik krewearjen op it ûntstean en de ynhâld fan it Lexicon Frisicum (syn wichtichst leksikografysk wurk) op it spoar te kommen. 'Gewoane' biografyske gegevens sille dêr út soarte ek by oan 'e oarder komme. Halbertsma syn dûmny-wêzen yn Gysbert-stêd Boalsert sil bygelyks grif ynfloed op syn belangstelling foar it Frysk en it âlde Fryske folk hân hawwe. De yntellektuele biografy rint likernôch oant 1830 ta.

Halbertsma tusken Hemsterhuis en Grimm

A. Feitsma (Grou)

It ynhâldlike útgongspunt fan Halbertsma syn taalkundige aktiviteiten leit yn Gysbert Japix en by it frysk. Syn earste taalkundige publikaasje fan 1822 giet oer de ynterpretaasje fan in pear rigels fan de dichter en syn earste filologyske ûndersikingen fan in pear jier letter (yn Hulde) geane ek al oer Gysbert Japix. De boarnen foar syn taalkunde bestiene út de algemiene literatuer fan dy dagen, mei uteraard ek alle mooglike klassike, âldgermaanske en âldfryske boarnen. De wurkwize wie ûntliend oan de doedestiids hearskjende Schola Hemsterhusiana, wêrby't benammen de classici Slothouwer, Hemsterhuis en Valckenaer en de nederlânske grammatikus Ten Kate neamd wurde moatte. Ek dy âldbewende foarbylden en boarnen hat Halbertsma al yn syn begjinperioade mei de nedige krityk behannele.

Mar der sit fernijïng yn 'e loft; der ferskine stadichoan nije stjerren lykas Bopp (1816), Rask (1817), Grimm (1822). Yn 1830 komt Halbertsma yn 'e kunde mei foarmannen fan de histoaryske grammatika lykas Rask en Grimm, en sûnt jout er him dêr alhiel by. De nije rjochting sleat nammers goed oan by it hemsterhusiaanske útgongspunt fan himsels en oaren. Hy ferdjippet him yn de Anglosaxon controversy en yn ingelske dialektkwesjes. Ek oare dialektstúdzje hat syn niget; njonken it frysk benammen ek it saksysk. Stadichoan wreidet syn terrein fan stúdzje him ek út nei it sanskryt en oare eksoatyske talen. Mar it plak fan it frysk mids de germaanske talen bliuwt foar him sintraal stean as wy sjogge nei in pear fan syn gruttere stikken út de tritiger jierren (it Reisplan en de ingelske ferliking fan frysk en angelsaksysk).

Ik sil besykje om de ûntjouwing fan Halbertsma syn taalkunde-beoefening te beskriuwen en te karakterisearjen oan sawat 1840 ta.

Harsenskraabje by Halbertsma

A. de Jong (Universiteit van Amsterdam)

Yn it ûndersyk nei Joast Halbertsma syn kontakten mei bûtenlânske gelearden, wurdt al gau dúdlik dat kommunisearje oer wittenskiplike teorieën en maatskiplike ûntjouwingen in moaie beuzichheid is, mar net ien sûnder risiko's. Ideeën en tinzen fan Halbertsma wurde troch syn kollega's in bytsje oars begrepen, ferwurke yn in stúdzje, en sa trochjûn oan de wrâld. As yn de (ynternasjonale) literatuer yn ferbân mei beskate tinzen of ideeën Halbertsma syn namme falt, moat men der dus op betocht wêze dat it yn sokke gefallen giet om de ynterpretaasje fan Halbertsma syn ideeën troch oaren. Soks is foaral fan belang as it giet om ideeën dy't yn de Europeeske kultuer fan de njoggentjinde ieu in romantysk-nasjonale betsjutting krije. Begrippen as 'volk', 'aristocratie', 'zuiverheid', 'volkskarakter' * om my no mar even te beheinen ta inkelde wurden dy't Halbertsma yn syn Hollânske teksten brûkt - hawwe yn in soad Europeeske lannen in nasjonale fariant. En hoewol't der oerienkomsten binne, lykas der oerienkomsten binne yn de romantyske ideeën yn de ûnderskate Europeeske lannen, krijt yn elk lân sa'n begrip syn spesifyk nasjonale betsjutting. Foar in goed begryp fan Halbertsma syn ideeën èn dêrmei syn plak yn de wrâld, is it belangryk om te ûndersykjen hoe't Halbertsma sels dizze begrippen yn syn teksten brûkt, hokfoar betsjutting er deroan jout, en hoe't dy betsjutting him ferhâldt ta it gebrûk fan dit begrip yn Frysk-nasjonale, Hollânsk-nasjonale en ynternasjonale kontext.

Yn myn bydrage oan it ûndersykjen fan de mooglikheden en ûnmooglikheden fan in biografy fan Halbertsma wol ik yngean op it belang fan ûndersyk nei de begrippen dy't Halbertsma brûkt.

Mooie woorden

"Moarns let, de hiele dei let"

de morgenstond heeft goud in de mond