Intranet
WFT
KNAW
Frysk
Frysk
Frysk

FAQ's Taalhelp en de skiednis

Nij ark foar it skriuwen fan it Frysk

  • De Fryske TaalHelp
  • Skiednis fan de Staveringshifker
  • FAQ’s: Faak Stelde Fragen

De Fryske TaalHelp

De Fryske TaalHelp is in nij produkt dat minsken helpe wol om it skriuwen fan it Frysk makliker te meitsjen. De Fryske Akademy en Polderland TST binne der grutsk op dat se dit programma no presintearje kinne. Soks hie net mooglik west sűnder de stipe fan de Provinsje Fryslân. Sűnt novimber 2005 is der ek in ferzje fan de TaalHelp dy't hielendal oanpast is oan bern, de BerneTaalHelp.

Wy hawwe in soad flyt dien op 'e Fryske TaalHelp, mar wy witte ek, dat kompjűterprogramma's altyd wer better kinne. Guon fragen oer de wurking fan it programma sille suver fansels by elke brűker opkomme. In part dęrfan wurdt yn 'e Helpfunksje fan it programma beäntwurde. Guon oare fragen wolle wy hjir in antwurd op jaan.

Yn 'e Fryske TaalHelp fine jo trije wegen om it skriuwen fan it Frysk makliker te meitsjen:

  • de staveringshifker, foar it neisjen fan jo tekst op typ- en staveringsflaters;
  • it Frysk-Nederlânsk Hânwurdboek fan 1984 om wurden nei te sjen op har krekte betsjutting en gebrűksmooglikheden;
  • de funksje ‘betiizjende wurden’ dy’t jo helpt by in pear lestige taaltűkelteammen: skriuwe jo no by of bij, wannear is it boartsje en wannear spylje, of moatte jo no bűk of boek skriuwe, wylst beide troch de staveringshifker goedkard wurde?

It âldste űnderdiel fan de TaalHelp is de staveringshifker. Dy befettet in foech 740.000 wurden en wurdfoarmen dy’t yn it Frysk mooglik binne. In wichtige beheining fan 'e staveringshifker is dat er net wit hokker betsjutting oft jo op it each hawwe! Dus grammatikale flaters en flaters op it stik fan styl en betsjutting hellet er net út jo tekst, want bgl. wurd en wurdt wurde beide goedkard, lykas boek en bűk. Benammen grammatikale flaters sille jo sels wach op węze moatte. By dy oare saken kinne de ‘betiizjende wurden’ en it Wurdboek in help węze.

It is hast net tefoaren te kommen dat yn in list mei 740.000 wurdfoarmen ek in pear dingen telâne komme dy’t wy der eins net yn hawwe wolle soene. Wy dogge dęrom war om de staveringshifker hieltyd wer te ferbetterjen. Dęrfoar meitsje wy tankber gebrűk fan de opmerkings dy't de brűkers oer de eardere ferzjes makke hawwe. Yn it neikommende stikje lizze wy út wat wy yn 'e rin fan 'e jierren oan 'e staveringshifker dien hawwe.

De skiednis fan de staveringshifker

  • De Fryske Akademy is yn 1995 mei de earste staveringshifker kaam. Dat wie doe noch foar WordPerfect 5.1. Dy staveringshifker wie basearre op 'e Taaldatabank fan 'e Fryske Akademy. Dy Taaldatabank is wer basearre op materiaal út it Frysk-Nederlânsk Hânwurdboek fan 1984 en it Wurdboek fan de Frysk Taal. De list befettet likernôch 600.000 wurdfoarmen fan 120.000 lemma's. Dęr sitte ek in protte wurden út 'e 19de ieu by dy't wy no eins net mear brűke. Fierders wurdt der net konsekwint omgien mei farianten. Sa binne űnder en onder beide as los wurd opnaam, mar yn gearstallings komt allinnich űnder- foar, wylst dęr oeral ek onder- mooglik węze moatte soe.
  • Dat bestân is dęrnei brűkt foar űndersyk nei Frysk út 'e 17de en 18de ieu en sa binne dęr noch wer oare wurden bykaam, lykas sich, dat troch guon auteurs yn dy tiid wol brűkt waard.
  • 1999 hawwe wy de earste staveringshifker foar Word útbrocht. Dat wie doe al yn ‘e mande mei Polderland TST. It materiaal is doe op 'en nij oardere en ferrike, mei as gefolch dat it bestân fan de staveringshifker foar Word net mear streekrjocht keppele is oan ús eigen ynterne databank.
  • Maitiid 2004 binne wy mei in fernijde staveringshifker foar Word kaam. Dat betsjutte in stikmannich feroarings:
  • de nije ferzje wie brűkber foar Windows XP (dat wie de âlde net mear);
  • der binne gâns moderne wurden, likernôch 7000, taheakke út it Frysk-Frysk Hânwurdboek, dat op dit stuit noch yn bewurking is;
  • de staveringshifker fan maitiid 2004 is rommer ynsteld om sa mear gearstallings fan besteande wurden ek goed te karren.
  • Ein 2004 bringe wy de Fryske TaalHelp út. Dęr is no ek it Frysk-Nederlânsk Hânwurdboek fan 1984 digitaal yn opnaam. Fierders is de staveringshifker op guon punten wer ferbettere:
  • de measte wurden út de 17de en 18de ieu binne derút keard,
  • de rommere ynstelling foar de gearstallings wie de royale kant it neist, sa die bliken, en is no wer wat beheind. Dat makket dat minder űnsinwurden goedkard wurde as yn 'e foarige ferzje.

Underwilens geane wy fierder mei it keppeljen fan ús bestannen. Doel is om yn de fierdere takomst de bestannen fan 'e Taaldatabank, it Frysk-Nederlânsk Hânwurdboek, it Frysk-Frysk Hânwurdboek en de Staveringshifker folslein te keppeljen en oan 'e hân dęrfan ta in bettere en skjinnere list fan wurden foar in fernijde Staveringshifker te kommen.

FAQ Fryske TaalHelp:

Węrom wurde guon hiel gewoane wurden as heel, dwars of dęre ôfkard?

De Fryske TaalHelp kin jo helpe om te staverjen neffens de foarkarstavering dy’t ôf te lieden is út it Frysk-Nederlânsk Hânwurdboek fan J.W. Zantema út 1984. In foarm as deel wurdt neffens dy foarkarstavering ôfkard, omdat neffens it wurdboek de foarm diel de foarkar hat. Mar deel is perfoarst gjin 'min Frysk'! De Fryske TaalHelp kin datoangeande allinnich in 'help' węze. Dat jildt nammerste mear, om't it Frysk frijwat fariaasje hat, dęr't inkeld op basis fan 'e foarm min in definitive útspraak oer te dwaan is. De neikommende foarbylden moatte dat dúdlik meitsje.

Yn it Frysk-Nederlânsk Hânwurdboek - dat dus yn 'e Fryske TaalHelp opnaam is - wurdt bygelyks by heelje trochferwiisd nei hielje. Dat lęste jildt dus as foarkarstavering, heelje net. It tiidwurd heelje hat ek foarmen as ik hele (doetiid inkeltal). Men kin fan tinken wol hawwe, dat de foarm hele neffens de ynstelling fan 'e foarkarstavering ôfkard wurde soe. Mar it tiidwurd hele 'stellen guod ferkeapje' bestiet ek. En om't hele goed stavere is, kin de foarm helehele oft de brűker op it each hat. Yn 'e praktyk docht bliken, dat der yn it Frysk hűnderten fan soksoarte gefallen binne!

net ôfkard wurde. De staveringshifker kin ommers net witte, hokker betsjutting fan

Dyselde betizing tusken foarm en betsjutting kin de reden węze, dat guon op harsels goed stavere wurden dochs ôfkard wurde, om't se ek stean kinne foar in wurd yn 'e net-foarkarstavering. Mei de hjoeddeistige taaldatabanken fan 'e Fryske Akademy en de TaalHelp-programmatuer fan dit stuit wie it net mooglik om tsjinstridichheden op dit męd tefoaren te kommen. Dęrom is de 'foarkarstavering' earder de strange kant it neist. In foarbyld is gearje, dat 'skean tarinne' en 'sammelje' betsjutte kin; allinnich yn dy lęste betsjutting is garje de foarkarsfoarm. Mar as de brűker de earste betsjutting op it each hat en hy hat de opsje 'foarkarstavering' oan stean, dan kart de staveringshifker de foarm gearje ôf. By twivel is it dus de baas om it wurd yn it Frysk- Nederlânsk Wurdboek op te sykjen.

NB: Om’t de foarkarstavering basearre is op it trochferwiissysteem fan it Frysk-Nederlânsk Hânwurdboek, binne ek wurden dęr’t om oare reden by trochferwiisd wurdt, bűten de foarkarstavering fallen. In foarbyld is kij, dęr’t it Hânwurdboek ferwiist nei ko. As de taaldatabanken fan 'e Fryske Akademy yn 'e takomst better opinoar ôfstimd węze sille, komme sokke gefallen net mear foar.

As jo dizze gong fan saken te betiizjend fine, kinne jo better de opsje ‘foarkarstavering’ útsette yn it dialoochskerm ‘Opsjes’.

De staveringshifker seit dat in wurd net yn it wurdboek stiet, wylst it al yn it Frysk-Nederlânsk Hânwurdboek fan Zantema út 1984 stiet, sa’t dat yn 'e TaalHelp opnaam is.

As de staveringshifker it oer ‘wurdboek’ hat, wurdt dęr de ynterne wurdlist fan de staveringshifker sels bedoeld. It Frysk-Nederlânsk Hânwurdboek fan Zantema wurdt net streekrjocht brűkt troch de staveringshifker, al is ynformaasje oer trochferwizings yn it Wurdboek al yn de staveringshifkerwurdlist ferwurke (sjoch: 7.2. Standert Fryske Stavering yn it Helpbestân en de foarôfgeande FAQ). By wurden dy’t troch de staveringshifker ôfkard wurde - benammen as jo de opsje foarkarstavering oanstean hawwe - en dy’t al yn it Frysk-Nederlânsk Hânwurdboek steane, stiet yn 'e regel in trochferwizing nei in mear gongbere foarm.

Węrom wurde ôfkoartings as ű.o. of dr. net goedkard, wylst dat se al yn it Frysk-Nederlânsk Hânwurdboek steane?

Ofkoartings hearre neffens ús net ta de kearn fan de wurdskat. In staveringshifker is der yn it foarste plak om gewoane rinnende tekst nei te sjen. Ofkoartings binne faak sterk bűn oan in beropsjargon. Boppedat lykje guon ôfkoartings bot op in typflater, lykas dr. foar de: de ‘r’ en de ‘e’ sitte nęstinoar op it toetseboerd! It is dus handiger om sokke ôfkoartings krekt net op te nimmen yn de staveringshifkerwurdlist. Jo kinne oars altyd sels wurden, en dus ek ôfkoartings dy’t jo handich fine, oan de staveringshifkerwurdlist taheakje.

Moat ik no kapkes en aksinten op haadletters skriuwe?

Yn it Frysk is der net in hurde regel foar it skriuwen fan kapkes of aksinten (tenei koartwei ‘aksint’) op haadletters (dus: Utsoarte.... of Útsoarte....). De staveringshifker sil de suggestje jaan om der al in aksint op te setten. It is lykwols net ferkeard om it aksint op in haadletter wei te litten.

Ik krij Nederlânske suggestjes yn myn Fryske tekst; hoe kin soks?

As de taal op ‘Nederlands’ stiet en jo roppe de TaalHelp oan, dan krije jo Nederlânske suggestjes. Feitlik draait dan de Nederlânske staveringshifker yn it jaske fan 'e Fryske TaalHelp. Selektearje de hiele tekst (bgl. mei CTRL-A) en set de taal op ‘Fries (Nederland)’.

Ik haw Frysk as standerttaal keazen en dochs stiet yn myn nij dokumint de taal op ‘Nederlands’

Dat probleem hinget gear mei hoe’t Word mei syn opmaakprofilen omgiet. Om it Frysk as standerttaal yn te stellen, is it soms net genôch om by de taalynstelling ‘Frysk’ as standerttaal te kiezen: dy ynstelling wurket dan net troch yn nije dokuminten. Jo kinne it probleem oplosse troch űnder:

Opmaak > Opmaakprofiel > Wijzigen > Opmaak > Taal

de nije taal fan jo foarkar yn te stellen en oanslutend fia

Extra > Sjablonen.... > Beheer

de nije ynstelling oan Normal.dot ta te heakjen. Pas dan krije jo yn elk nij dokumint it Frysk standert as taalynstelling.

Węrom kart er diene, hiene, wiene, giene, soene, koene ôf?

Yn 'e doe-tiid hawwe dwaan, hawwe, węze, gean, sille, kinne yn it meartal allegear twa foarmen, ien mei en ien sűnder -n, dus diene en dienen, ensfh. Mar allinnich de foarm mei -n wurdt goedkard. Yn eardere ferzjes fan 'e staveringshifker sieten allegear útwrydske 18de- en 19de-ieuske foarmen, lykas makkene en seagene. Dy foarmen binne no allegear skrast, om't se allinnich mar betizing joegen. Dęrby binne de foarmen diene ensfh. - ek meartalsfoarmen op -ne - by fersin ek skrast. Dat hie net moatten.

Kin it útkomme dat de Helpfunksje net wurket?

Der is in lyts tal eksimplaren fan de Fryske TaalHelp yn omrin mei in Helpfunksje dy't net wurket. In reparaasjebestantsje dęrfoar kinne jo hjir ophelje.

Oare fragen of opfallende saken:

It kin węze dat jo as brűker dingen tsjinkomme dy't fragen by jo oproppe, mar dy’t hjirboppe net beäntwurde binne. Dan binne wy graach ree om jo fierder te helpen. Fansels wolle wy ek graach leare fan jimme űnderfinings mei de Fryske TaalHelp. Jo kinne jo fragen en opmerkings fia de mail stjoere.

Hâlde jo dizze webstek yn 'e rekken foar mear nijs oer de Fryske TaalHelp.

Arjen Versloot

25 novimber 2004

Mooie woorden

“Nowhere is it ordained that history moves in a straight line.”

“Nearne is fęstlein dat skiednis yn 'e rjochte line bewege moat.”
Barack Obama (1961-)