Intranet
WFT
KNAW
Frysk
Frysk
WFT
Frysk

Bestjoerlike Organisaasje

1) Dr. Piter Sipma (1872-1961), de earste foarsitter fan de Fryske Akademy.

Op grûn fan it karbrief fan 20 juny 2005 hat de stifting Fryske Akademy in Rie fan Tafersjoch. De deistige lieding is yn hannen fan in direkteur-bestjoerder, dy't dêrby stipe wurdt troch in Management Team. De Rie sjocht ta op it troch de direkteur-bestjoerder fierde belied en behear.

De Rie fan Tafersjoch bestiet út:

  • Marten F. Koopmans, Ljouwert (foarsitter)
  • prof. dr. Eric J. Reuland, Hilversum
  • mr. Douwe P. de Vries, Hurdegaryp
  • drs. Jan-Meinte Postma, Huizen-Crailo
  • drs. Houkje Rijpstra, Gytsjerk

 Direkteur-bestjoerder

  • Dr. Hanno Brand, waarnimmend direkteur-bestjoerder fan 'e Fryske Akademy

 

Management Team

Binnen it MT giet it foaral om it gehiel fan de Fryske Akademy. Der wurdt besletten, besprutsen en advisearre tsjin de eftergrûn fan 'e mienskiplike saken fan de FA. De haadtaak is it soarch dragen foar de deistige lieding fan de FA. Allinne as men it net iens wurde kin, hat de direkteur-bestjoerder in trochslachjaande stim. Leden fan it MT binne de direkteur-bestjoerder, it haad algemiene saken drs. Jos Tjalsma, projektmanager drs. Cor van der Meer en P&O-adviseur Cobi Vogelzang.

 

Wittenskipskommisje

De Wittenskipskommisje hat as taak om oan 'e direkteur, de Rie fan Tafersjoch en de KNAW frege en net-frege advizen te jaan oer it belied en it wittenskiplike programma fan 'e stifting Fryske Akademy. Leden fan 'e wittenskipskommisje binne prof.dr.ir. Jacob T. Fokkema (âld rektor TU Delft) foarsitter, prof.dr. Anthonya Visser (Universiteit Leiden), prof.dr. Roeland van Hout (Radboud Universiteit Nijmegen), prof. dr. Fred Weerman (Universiteit van Amsterdam) en prof.dr. Dirk Strijker (Rijksuniversiteit Groningen).

 

Maatskiplike Advysrie

De Maatskiplike Advysrie kin de direkteur, de Rie fan Tafersjoch en de provinsje Fryslân frege en net-frege advizen jaan oangeande de maatskiplike tsjinstferliening fan 'e stifting, dêr't ek it stypjen fan de frijwilligers binnen de stifting Fryske Akademy ûnder falt. Leden fan 'e Maatskiplike Advysrie binne: Pieter F. Visser (foarsitter), mr. Ernest M.W. de Lange, drs. Theunis R. Piersma en Akkie Lindeboom-Jager.

It wurk fan de Fryske Akademy wurdt mooglik makke troch de stipe

Beide ynstellings steane garant foar it meastepart fan de finânsjes, mar drage ek op oare wize by oan it fuortbestean fan de Akademy.

 

 

Mooie woorden

"As 't net kin sa't it moat, dan moat it mar sa't it kin"

Als het niet kan zoals het moet, dan moet het maar zoals het kan


Frysk Frysk