Intranet
WFT
KNAW
Frysk
Frysk
WFT
Frysk

Fryske skiednis komt ta libben yn it Coulonhűs

De Fryske Akademy is fęstige yn oaninoar keppele pannen oan de Doelestrjitte en de hoeke fan de Grienewei yn Ljouwert. It haadgebou is it steatige hoekpân, it Coulonhűs, oan de Doelestrjitte 8. It is boud yn 1713. Ferskate keamers yn it pân binne ynrjochte yn ‘Hollânske’ Loadewyk XIV-styl, mei bysűndere skilderijen en houtsnijwurk. Hjirűnder fine jo guon nijsgjirrige feiten oer it Coulonhűs. Wolle jo mear witte, dan kinne jo de wiidweidige publikaasje fan de Fryske Akademy oer it Coulonhűs downloade.


Guon nijsgjirrige feiten oer de skiednis fan it Coulonhűs:

  • It hűs is ferneamd nei de earste bewenner, Anthonius Coulon, dy’t it hűs yn de 18de ieu bouwe liet.
  • Anthonius Coulon waard yn 1682 berne yn Frankryk. Hy flechte mei syn famylje ein 17de ieu as hugenoat nei Amsterdam. Oan it begjin fan de 18e ieu fęstige er him yn Ljouwert as boumaster fan de Fryske steedhâlders.
  • Coulon wurke as boumaster foar steedhâlder Johan Willem Friso, syn widdo ‘Marijke-muoi’ en harren soan, dy’t letter, as Willem IV, de earste algemien steedhâlder fan de Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen waard.
  • Anthonius Coulon hat grutte ynfloed hân op de 18de-ieuske boustyl yn Ljouwert en Fryslân (de ‘Hollânske’ Loadewyk XIV-styl), dęr’t noch altiten foarbylden fan bestean, lykas it Coulonhűs.
  • Anthonius Coulon stoar yn 1749. Syn wurk waard fuortset troch ien fan syn soannen, dy’t as boumaster foar steedhâlder Willem V wurke. In oare soan wurke as útjouwer by de Frjentsjerter Universiteit.

 

Guon nijsgjirrige feiten oer de Fryske Akademy en it Coulonhűs:

Yn it oprjochtingsjier 1938 beluts de Fryske Akademy twa keamers yn it Coulonhűs. Yntusken hat de Fryske Akademy de oanbuorjende pannen ek yn gebrűk.

Op ’e hoeke fan it haadgebou sjogge jo in rige wapenstiennen fan Fryske gemeenten, fan de provinsje Fryslân, de Dútske Fryslannen en de Ottema-Kingma Stichting. Dy ha allegearre finansjeel in protte bydroegen oan de ferbouwing fan it hoekpân yn de jierren fyftich fan de foarrige ieu. It grutte brűnzen wapen fan de Fryske Akademy wurdt beskerme troch in swan dy’t de provinsje Fryslân foarstelt. Dit gehiel is in geskink fan ‘Den Haach’.

Yn 1959 waard it ferboude Coulonhűs iepene en krigen alle keamers yn it pân nammen, dęrűnder dy fan de Nederlânske, East-Fryske en Noard-Fryske Waadeilannen.

 

1)    Portret Anthonius Coulon
2)    Gręfstien fan Coulon yn’e tún fan de Fryske Akademy
3)    It Coulonhűs oan ’e Doelestrjitte
4)    Brűnzen swaan en Fryske stedswapens op ’e hoeke fan de Akademy

Mooie woorden

“Equipped with his five senses, man explores the universe around him and calls the adventure Science.”

“Mei syn fiif sintugen ferkent de minske de wrâld om him hinne en neamt dat aventoer Wittenskip.” Edwin Powell Hubble (1889-1953)


Frysk Frysk