Intranet
WFT
KNAW
Frysk
Frysk
WFT
Frysk

Kadastrale Atlas fan Fryslân 1832. Diel 12

Wymbritseradiel-Súd en Drylts
De kadastrale gemeenten Heeg, Oppenhuizen, Woudsend en IJlst

Kadastrale en Prekadastrale Atlas fan Fryslân 1640-1832. Dizze atlas ferskynt yn dielen neffens gemeenten. Mei-inoar sille der 41 dielen ferskine.

(Oersjoch fan alle oant no ta ferskynde dielen mei de dêrta hearrende plaknammen). 
Elk diel bestiet standert út twa ûnderdielen.

1. de Kadastrale Atlas 1832

mei dêryn:

  • reproduksjes fan de earste kadasterkaarten anno 1832, losblêdich op A-3 formaat;
  • it register fan alle kadastrale perselen mei gegevens oer eigners, grutte, soart gebrûk en kwaliteit;
  • in ynliedende en taljochtsjende tekst by dat materiaal

Register en ynlieding binne bondele yn in boek (tekst is yn it Nederlânsk en it Frysk).

2. de Prekadastrale Atlas 1700/1640

Yn dizze "Pleatse-atlas" is in rekonstruksje makke fan it grûnbesit by elke pleats yn resp. 1700 en 1640, oan de hân fan Floreen- en Stimkohieren.

De prekadastrale atlas befettet:

  • foar alle doarpsgebieten oersjochkaarten mei it grûnbesit neffens pleats yn 1700 en 1640;
  • registers foar elk doarp, mei foar alle pleatsen oanjûn de eigners, brûkers en oare bysûnderheden yn 1640 en 1700 en ek de kadastrale nûmers dy’t der foar 1850 by hearre;
  • in ynliedende tekst by dat materiaal (tekst is yn it Nederlânsk en it Frysk).

Kaartsjes, registers en tekst binne bondele yn in boek.

De twa boeken en de tsientallen losblêdige kaarten sitte yn in kreas kofferke fan 30 by 44 sm.

Sawol foar de wittenskiplike ûndersiker as de sneuper biedt de atlas in skat oan feiten.

De atlas kin ûnder oaren brûkt wurde foar stúdzje fan doarp, stêd en gea, ûndersyk nei pleatsen en nammen fan pleatsen, famylje-ûndersyk, stúdzje fan besitsferhâldingen of it grûngebrûk.

Wa’t de skiednis fan syn wenplak neigean wol, komt gauris foar fragen te stean as: "Fan wa wie earder dat hûs, dy pleats, dat stikje grûn? Hoefolle besit hie ús famylje eartiids? Wêr stiene earder mûnen of wêr wie de skipshelling?" 

Fragen, dy’t mei help fan it sûnt 1832 besteande Kadaster en, as it om pleatsen giet, ek mei help fan de noch âldere Floreenkohieren en Stimkohieren beantwurde wurde kinne. Dy boarnen wurde lykwols net in soad brûkt. Dat komt omdat in soad minsken se te dreech fine of net witte wêr’t dy boeken te finen binne.

De Kadastrale en Prekadastrale Atlas 1640-1832 biede in hiel soad fan dy âlde gegevens yn hânsume foarm oan. Mei dy atlas krije jo unyk materiaal út de argiven thús en hawwe jo in prachtich helpmiddel yn hannen om sels fierder te sneupen.

Vaart, J.H.P. van der en S. Talsma, Kadastrale Atlas fan Fryslân 1832. Diel 12 - Wymbritseradiel-Súd en Drylts. De kadastrale gemeenten Heeg, Oppenhuizen, Woudsend en IJlst. + Mol, J.A. en P.N. Noomen, Prekadastrale Atlas fan Fryslân. De pleatsen fan 1700 en 1640 neffens de Floreen- en Stimkohieren. Fryske Akademy Ljouwert 2000. Akademy-nûmers 895 + 894. 168 + 157 siden. 
ISBN: 90 6171 895 3 en 90 6171 894 5. Priis mei-inoar € 27,00 / foar leden en stipers € 25,00.


Ynformaasje: S. Tijsma

 

 

 

Mooie woorden

"As it net sile wol, moat men lavearje"

Als men niet kan zeilen moet men laveren


Frysk Frysk